Maatskiplike ynstoarting: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L [[]] oars
 
Rigel 1:
In '''maatskiplike ynstoarting''', ek bekend as de '''fal fan in beskaving''', is de hommelse beëiniging fan in al langere tiid besteande [[maatskippij]] of [[beskaving]]. Oarsaken foar sa'n ynstoarting kinne wêze: [[natoerramp]]en, [[oarloggen]], [[dea]]dlike [[epidemy]]en, ûntfolking of in kombinaasje dêrfan. Nei sa'n barren falt de troffen maatskippij werom nei in leger nivo fan ûntwikkeling, of giet er op yn in oare maatskippij, of hâldt er hielendal op te bestean. Yn it lêste gefal is der sprake fan in weromfal ta [[barbaar|barbarisme]] of in delgong yn [[anargy]].
 
Ferskate modellen en teoryen binne troch saakkundigen foarsteld, dy't maatskiplike ynstoartings ferklearje yn it ljocht fan bykommende faktoaren lykas tabrochte skea oan it [[miljeu]], útputting fan natuerlike helpboarnen, [[dekadinsje]] (en dêrmei mank geand ferlies oan [[kreätiviteit]]), de oanboazjende kleau tusken [[earmoede|earm]] en [[rykdom|ryk]], in nivo fan sosjale kompleksiteit dat nei ferrin fan tiid net fol te hâlden blykt te wêzen, en it yn ferfal reitsjen fan sosjale gearhing. De ynstoarting fan in maatskippij kin abrupt wêze, lykas yn it gefal fan 'e [[ynstoarting fan 'e Klassike Maya-beskaving]] yn [[Midden-Amearika]], of stadichoan gean, lykas de [[fal fan it Romeinske Ryk]] healwei it earste [[milennium]].