Casino Royale (film út 1967): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
+ foarskiednis
Rigel 206:
|-
|}
 
==Produksje en distribúsje==
===Foarskiednis===
Yn [[maart]] [[1955]] ferkocht de [[Feriene Keninkryk|Britske]] [[skriuwer]] [[Ian Fleming]] de [[filmrjochten]] op ''[[Casino Royale (roman)|Casino Royale]]'' ([[1953]]), de earste [[roman]] út syn [[James Bond (romansearje)|''James Bond''-romansearje]], oan [[filmprodusint]] [[Gregory Ratoff]] foar [[$]]6.000 (oanpast foar [[ynflaasje]] bedroech dat yn [[2019]] $57.265). Dat wie nei't Fleming earder deselde roman ferkocht hie oan [[CBS (tillefyzjenetwurk)|CBS]] om der in [[tillefyzjefilm]] op te basearjen. (It resultaat dêrfan wie ''[[Casino Royale (film út 1954)|Casino Royale]]'' út [[1954]].) Ratoff frege [[Lorenzo Semple jr.]] om it [[boek]] om te wurkjen ta in ferfilmber [[senario]], mar beiden fûnen se Bond mar in stom [[personaazje]] en folslein ûnoannimlik. Neffens Semple soe Ratoff inkeld ljocht yn it projekt sjoen hawwe troch fan Bond in [[frou]] te meitsjen. Hy soe [[aktrise]] [[Susan Hayward]] op it each hân hawwe om 'Jane' Bond te spyljen. Ratoff trof tariedings foar de ferfilming, mar it slagge him net om 'e [[finansiering]] rûn te krijen. Doe't er yn [[desimber]] [[1960]] [[ferstoar]], kaam it projekt stil te lizzen.
 
[[Ympressario]] en filmprodusint [[Charles K. Feldman]], dy't Ratoff by syn libben fertsjintwurdige hie, kocht neitiid de filmrjochten op ''Casino Royale'' fan 'e [[widdo]] Ratoff. In oare filmprodusint, [[Albert R. Broccoli]], dy't letter mei [[Harry Saltzman]] de '[[kanon (kultuer)|kanonnike]]' [[James Bond (filmsearje)|''James Bond''-films]] fan [[Eon Productions]] meitsje soe, hie ek belangstelling foar de filmrjochten op ''Casino Royale'' en besocht se fan Feldman oer te nimmen, mar dy woe se net kwyt. Feldman en [[regisseur]] [[Howard Hawks]], dat in [[freonskip|freon]] fan him wie, hiene nammentlik in plan foar in eigen ferfilming, mei [[Leigh Brackett]] as [[senarioskriuwer]] en [[Cary Grant]] yn 'e rol fan [[James Bond]]. Nei't se seagen hoe'n grut súkses oft ''[[Dr. No (film)|Dr. No]]'' wie, de earste film fan Eon Productions, dy't yn [[1962]] útkaam, besleaten se mei harren plannen troch te setten.
 
Tsjin [[1964]], doe't er al krapoan $550.000 fan syn eigen [[fermogen]] yn it projekt [[ynvestearre]] hie, besocht Feldman ta oerienstimming te kommen mei Broccoli en Saltzman foar in [[ko-produksje]] mei Eon en [[United Artists]]. Doe't dat op 'e non rûn om't se it net iens wurde koene oer de [[winst (ûndernimming)|winstferdieling]], frege Feldman akteur [[Sean Connery]], dy't yn 'e iere ''Bond''-films fan Eon Productions de rol fan James Bond spile, om dat ek te dwaan yn syn film. Dat ketste ôf op 'e [[salaris]]eask fan Connery, dy't $1 miljoen bedroech. Feldman kaam ta de konklúzje dat er net opbokse koe tsjin Eon as er fan ''Casino Royale'' in serieuze [[spionaazjefilm]] makke. Dêrom besleat er der ynstee in [[parody]] op dat [[sjenre]] fan te meitsjen. Hy bea syn projekt oan by [[Columbia Pictures]] fia in kladsenario dat skreaun wie troch [[Ben Hecht]]. De studio besleat yn it projekt te stappen en de finansiering te berêden.