Berlyn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bewurkings fan "145sdfg14" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Drewes".
Lebel: Weromdraaiïng
"In_Berghain.jpg" is op Commons fuorthelle Captain-tucker om't: per c:Commons:Deletion requests/File:In Berghain.jpg.
 
Rigel 293:
 
Klubs binne net ferplichte om in fêste tiid te sluten tidens de wykeinen en in soad feesten geane oant de iere moarn troch of duorje sels it hiele wykein. De Berghain hat de bekende ''Panorama Bar'', in bar dy't by it lemieren fan 'e dei iepenet en feestgongers in panorama fan Berlyn biedt nei in stappersnacht. De ''Weekend Club'' yn 'e buert fan [[Alexanderplatz]] hat in dakterras dêr't minsken nachts feeste kinne. Ferskate plakken binne in populêrste poadia wurden foar de saneamde ''Neo-Burlesque-scene''.
 
[[Ofbyld:In Berghain.jpg|thumb|left|Nachtklup Berghain]]
Berlyn hat in lange skiednis op it mêd fan homokultuer en hat in wichtich brûsplak west yn it begjin fan 'e LGBT-beweging. Barren foar minsken fan itselde geslacht operearren al frij yn 'e tachtiger jierren fan de 19e iuw en it earste homo-tydskrift ''Der Eigene'' begûn yn 1896. Yn de jierren 1920' wienen homo's en lesbyennes in sichtberens as nea tefoarren. Hjoed-de-dei binne der neist in tolerant klimaat ek wer in oantal homoklups en festivals. De bekendste en grutste binne ''Berlin Pride'', de ''Christopher Street Day'', it ''Lesbian en Gay City Festival'' yn Berlyn-Schöneberg, de ''Kreuzberg Pride'' en ''Hustlaball''.