Itaalje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bewurkings fan "145sdfg14" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Tulp8".
Lebel: Weromdraaiïng
Mysha (oerlis | bydragen)
L Der is mar ien Stêd Rome.
Rigel 29:
 
== Skiednis ==
Itaalje bestie foar [[1861]] net yn steatsferbân, omdat it gebiet ferdield wie yn ferskate lytsere steaten, faak ûnder útlânsk tafersjoch (troch lannen as [[Eastenryk]], [[Frankryk]] en [[Spanje]] ). Yn de frije steat Piedmont kaam de greve fan Cavour yn 'e fyftiger jierren fan 'e 19e iuw mei plannen om de Eastenrikers út Lombardije en Feneetsje te reagjen, om ta in Noard-Italjaanske steat te kommen. De oare sintrale en súdlike Italjaanske steaten hiene dêr ek belang by en sluten har oan by Piedmont. It slagge Garibaldi yn [[1860]] om it suden fan Itaalje te feroverjen fan it Keninkryk fan Sisylje, en it Keninkryk Itaalje waard stifte. Vittorio Emanuele II wie de earste kening fan Itaalje. Yn [[1861]] wiene Latium en Fenetië noch hieltyd net in diel fan Itaalje, se koene har net losmeitsje fan de Paus en de Eastenrykske keizer. Feneetsje kaam nei kriich tsjin Eastenryk yn [[1866]] by Itaalje, en Latium mei [[Rome (stêd)|Rome]] waarden yn [[1870]] ferovere , tagelyk wie dat de ein fan de pontifikale steat en de macht fan de paus. De paus, lilk om dat foarfal, ferklearre himsels finzen yn 'e Italjaanske Steat, omdat Katolike minsken net meidienen oan it politike barren.
Itaalje focht yn 'e [[Earste Wrâldkriich|earste wrâldkriich]] mei [[Grut-Brittanje]], [[Frankryk]] en [[Ruslân]] tsjin de sintrale mogendheden. De kriich waard fochten oan de eastlike grins fan Itaalje, dat begrinzge wurd troch Eastenryk. Nei it '[[Caporetto]] ferlies', like de kriich foar Itaalje ferlern, mar trochdat de alliearden kriich wûnen [[1918]] wie it oer, en Itaalje krige [[Súd-Tirol]], dat foarhinne Eastenryksk wie, alhoewol't it doe ek al foar in diel bewenne wie troch Italjanen.
 
Rigel 57:
Yn 2003 bestie de befolking fan Itaalje út 57.998.353 ynwenners.
 
Sûnt it midden fan de njoggentiger jierren hie Itaalje as ien fan de earste Jeropeeske lannen in negative befolkingsgroei. Wat betsjut dat it oantal berten lytser is as it oantal minsken dy't stoarn binne. Lykwols is de lêste 2 à 3 jierren wer sprake fan in hiel lytse groei. Utsein [[Rome (stêd)|Rome]] en [[Palermo (stêd)|Palermo]] hawwe de grutte stêden in omleechgeand oantal ynwenners.
 
=== taal ===
Rigel 63:
 
=== Godstsjinst ===
Sawat alle Italjanen binne [[katolisisme|Roomsk-Katolyk]]. De Italjaanske haadstêd [[Rome (stêd)|Rome]] is de sit fan de [[Paus]].
[[Ofbyld:it-kaart.png|right]]