Ferdrach fan Wenen oangeande ferkearstekens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kopke tafoege
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Linkfix
Rigel 9:
It Ferdrach waard oerienkommen ûnder tafersjoch fan de [[Ekonomyske en Sosjale Ried fan de Feriene Naasjes]]. It Ferdrach waard bekrêftige op [[6 juny]] [[1978]]. Ut it Ferdrach kaam it [[Ferdrach fan Wenen oangeande dykferkear]] fuort, dy't ynternasjonale [[ferkear]]sregels standerdisearre.
 
It Ferdrach fan Wenen ferfong it eardere Ferdrach fan Genêve oangeande ferkearstekens fan 1949, dy't wer it Ferdrach fan Genêve oangeande it standerdisearjen fan ferkearsbuorden fan 1931 ferfong. Wizigings fan it Ferdrach fan Wenen, sa as foarrang by [[rotonde]]n en nije buorden oangeande feiligens yn [[tunnel]]s, waarden yn [[2003]] oannommen.
 
It grûnwurk foar de ferdraggen fan Genêve en Wenen lei benammen op de ûntwikkelings yn de [[tweintichste iuw]] fan ferkearstekens yn it festelân fan [[West-Jeropa]]. Om it sa ynternasjonaal mooglik te meitsjen lit it Ferdrach guon fariaasjes ta, sa as bygelyks dat warskôgingsbuorden trijehoekich of yn in rjochthoekige diamantefoarm wêze kin en dat ferkearsbuorden in wite of giele eftergrûn hawwe kinne. Alhoewol't de measte lannen it Ferdrach noch net offisjeel bekrêftige hawwe, jilde ferkearswetten yn gelikense foarm yn de measte lannen.