Oargellânskip Eastfryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 4:
 
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Rysum-Orgel-msu-2972.jpg|thumb|180px|Oargel yn Rysum]]
=== Fyftjinde iuw ===
Al yn de snuorje fan de lette [[gotyk]] wie der yn [[Eastfryslân]] en de [[Ommelannen]] in rike oargelkultuer. Ut skriftlike boarnen wei is der oer tsien oargels yn de twadde helte fan de [[fyftjinde iuw]] allinnich yn [[Krummhörn]] bekend. Ien fan de âldste oargels yn de wrâld is yn [[Rysum]] en wurdt noch hieltyd brûkt. Hy komt mooglik út [[1440]] en waard mooglik troch master Harmannus út [[Grins (stêd)|Grins]], dy't ek ferbûn is oan de oargel fan de [[Martinytsjerke (Grins)|Martinystsjerke]] yn Grins, boud. De Rysumers betellen lywols yn natuera, ynstee fan mei jild, sa't it yn de ''Cronica der Fresen'' fan [[Eggerik Beninga]] stiet dat se "grouwe kij" (''vette beesten'') oer de [[Doalert]], dy't tichtferzen wie, nei Grins ta dreaune:
Line 23 ⟶ 24:
 
=== Achttjinde iuw ===
Fan Schnitger syn studintenlearlingen hawwe yn Eastfryslân Christian Vater (1721-1722 yn [[Bockhorn]] en 1730-1731 yn [[Wiefelstede]]) en Gerhard von Holy (1710-1711 yn [[Dornum]] en 1711-1713 yn [[Marienhafe]]) oargels boud. Ek fan Friedrich Constabel (1738) is der noch in inkelde ynstrumint oer. De oargel waard ynearsten foar [[Bargebur]] boud, mar stie fan 1864 oant 1967 yn [[Hamswehrum]], en waard dêrnei nei syn hjoeddeistige plak yn [[Jennelt]] brocht. Syn oargel yn [[Greetsiel]] (1738) waard yn 1914 foar in nij ynstrumint ferfongen, mar de oarspronklike oargelkast stiet der noch hieltyd. Yn 1760 sette Constabel noch útein mei de bou fan in nij oargel yn [[Funnix]], mar waard yn 1762 reemakke troch Hinrich Just Müller, dy't fan oarsprong út Westfalen kaam. Yn de twadde helte fan de achttjinde iuw wiene Müller út Wittmund en Johann Friedrich Wenthin út Emden tige warber mei de oargelbou yn Eastfryslân en waarden grutte konkurrinten. Wenthin syn oargel yn [[Groothusen]] (1798-1801) is it grutste oargel yn [[Krummhörn]]. Wenthin hat dêr gâns nije registers mei gâns nije lûden útfûn en in Jeropeesk keunstmonumint makke. Nijsgjirrich binne de fluitregisters út mahony en benammen de dwersfluit fan acht, fjouwer en trije fuotmjitten. Oare oargels fan Wenthin dy't fan 1774 oant 1805 yn Eastfryslân makke waarden, binne dy yn [[Backemoor]] (1783), [[Reepsholt]] (1788-1789) en yn [[Wolthusen]] (1790-1793). Fan Müller, dy't yn mear as 50 gemeenten wurke hat, binne de oargels fan [[Midlum (Reiderlân)|Midlum]] (1766), [[Holtrop]] (1772), [[Nortmoor]] (1773-1775), [[Simonswolde]] (1777), [[Manslagt]] (1776-1778), [[Carolinensiel]] (1780-1781), [[Remels]] (1782), [[Middels]] (1784-1786), [[Neermoor]] (1796-1798) en [[Woquard]] (1802-1804). Christian Klausing ([[Herford]] yn Westfalen) hat in oargel yn [[Ochtersum]] (1734-1737) levere, dêr't de Westfaalske ynfloed op de Eastfryske oargelbou by te sjen is. Dirk Lohman út Emden hat in oargel yn [[Hage (Auwerk)|Hage]] (1776-1783) boud en dêrfoar in pear registers út de santjinde eiuw brûkt. Fan Heinrch Wilhelm Eckmann binne der oargels yn [[Amdorf (Detern)|Amdorf]] (1773) en [[Bagband]] (1774-1775).
 
=== Njoggentjinde iuw oant hjoed-de-dei ===
De wichtichste Eastfryske oargelbouwer yn de earste helte fan de njoggentjinde iuw wie Müller syn learling Johann Gottfried Rohlfs, dy't yn 60 gemeenten yn Eastfryslân warber wie, en in famyljebedriuw stifte hie. Fan him binne de oargels yn [[Bangstede]] (1794-1795), de [[Kristustsjerke (Norden)|Kristustsjerke]] yn [[Norden]] (1796-1797), [[Neustadtgödens]] (1796-1798), [[Barstede]] (1801), [[Veenhusen]] (1801-1802), [[Holtland]] (1810-1813), [[Nüttermoor]] (1815-1816), [[Wiesens]] (1820-1822), [[Böhmerwold]] (1828) en [[Roggenstede]] (1827-1833) te finen. It grutste oargel fan syn soan Arnold Rohlfs stiet yn de Magnustsjerke fan [[Esens]] (1848-1860), dy't ek de oargels fan [[Westerholt]] (1841-1842) en [[Siegelsum]] (1842-1845) boud hat. Yn de njoggentjinde iuw wiene der njonken Rohlfs de famyljebedriuwen fan Wilhelm Eilert Schmid en Gerd Sieben Janssen warber yn Eastfryslân, dochs dy koene net ta it nivo fan Müller en Wenthin mjitte. Janssen (Auwerk) learde de oargelbou by Rohlfs en sette de barokke grûnbegjinsels fan de oargelbou fuort. Mei it ombouwen fan de Larrelter oargel brûkte er guon âlde registers fan it foargongersoargel fan Johannes Millensis (1618-1619), en dêrtroch binne de oarspronklike renêssânse-lûden noch hieltyd te hearren.
 
Yn de earste helte fan de tweintichste iuw rûn de oargelbou tebek en wiene der gjin selsstannige oargelbouwers mear yn Eastfryslân. Der waarden guon [[Pneumatyk|pneumatyske]] oargels boud, sa as yn de [[Minnistetsjerke (Norden)|Minnistetsjerke]] yn Norden (1900), [[Weenermoor]] (1906) en [[Etzel (Friedeburg)|Etzel]] (1928). Yn it begjin fan de tweintichste iuw hat de oargelbeweging in grutte oandriuwing krigen fanwegen de grutte hoemannichte histoaryske oargels yn Noardwestdútslân. Dêr spilet de Schnitger-oargel yn Norden in wichtige rol by, dy't de earste oargel wie dat in beskerme monumint waard. It wurk fan Jürgen Ahrend út [[Loga (Lier)|Loga]] by Lier is ek nijsgjirrich. Sûnt 1954, oant 1971 yn 'e mande mei Gerhard Brunzema fan Emden, waarden syn ophelpen en nijbou fan oargels ferneamd oer gâns de wrâld. Bekende oargels fan him binne te finen yn de [[Lambertustsjerke (Auwerk)|Lambertustsjerke]] fan Auwerk (1960-1961) en de [[Luthertsjerke (Lier)|Luthertsjerke]] yn Lier (2002). Hjoed-de-dei binne der noch fiif oare oargelbouwers yn Eastfryslân: yn Norden (Bartelt Immer), [[Tannenhausen]] yn Auwerk (Regina Stegemann), Emden/Auwerk (Jürgen Kopp), [[Uplengen]] (Martin der Haseborg) en [[Stapelmoor]] (Harm Dieder Kirschner). Ek de firma fan Alfred Führer fan [[Wilhelmshaven]] hâldt him dwaande mei it ophelpen en ek nijbou fan oargels yn Eastfryslân, sa as dy fan de [[Grifformearde tsjerke (Bunde)|Grifformearde Tsjerke yn Bunde]]. Fan 2007 ôf stiet in Ingelsk oargel fan J.W. Walker (1844) yn [[Jemgum]]. Yn dat opsicht fan it Eastfryske Oargellânskip moat ek de oargel fan [[Stapelmoor]] (1997) neamd wurde. Dat oargel waard nei de Louis-Alexandre Clicquot-oargel ([[Houdan]] 1734) neimakke en is dêtroch it earste oargel fan Dútslân yn konsekwinte barokke Frânske styl.
 
== Iepenstellen foar it publyk ==
In wichtige oandriuwing foar it befoarderjen fan it Oargellânskip wiene it Doalert-Festval (1981-2003) en it wurk fan de [[Noarddútske Oargelakademy]] (fan 1977 ôf yn de [[Stins Bunderhee]] yn [[Bunderhee]], hjoed-de-dei ferbûn mei de Hegeskoalle foar Keunsten yn Bremen), dy't beide troch Harald Vogel stifte en laat waarden. Fia Radio- en CD-opnamen en oare publikaasjes binne de Eastfryske oargels wrâldwiid bekend wurden en organisten oargelbouwers út gâns de wrâld oanlutsen. Hjoed-de-dei is it [[Organeum]] yn [[Weener]] it wichtichste oargelsintrum foar it ûndersyk en it fuortsterkjen fan de regionale oargelkultuer en biedt njonken konserten en oargelekskursjes en jout de moooglikheid ta wittenskiplik organologysk ûndersyk.
 
Elts jier wurde der yn de Liudgertsjerke yn Norden, de Luthertsjerke en de Grutte Tsjerke yn Lier, de Joaristsjerke yn Weener en yn Dornum konsertrigen holden. Sûnt 2001 waard de ''Krummhörner Orgelfrühling'' oprjochte. Ek yn it ramt fan de ''Musikalischer Sommer in Ostfriesland'' fine konserten plak.