Funksje (posysje): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L funksjonaris
 
Rigel 1:
In '''funksje''' of '''amt''', soms ek '''betrekking''' neamd, is in posysje foar in [[persoan]] binnen in beskaat domein, dêr't in samling [[taak|taken]], [[privileezje|rjochten]] en [[plicht]]en oan ferbûn is. It domein is dêrby faak in [[organisaasje]], lykas in [[bedriuw]], in [[feriening]], in [[stifting]] of de [[oerheid]], mar it kin ek bygelyks om in [[projekt]] gean. In funksje of amt ûnderskiedt him benammen fan in [[berop]] trochdat it te spesifyk en koart duorjend is om as sadanich beskôge te wurden. Immen dy't in funksje beklaait, is in '''funksjonaris'''.
 
Om in foarbyld te jaan: as immen [[boargemaster]] of [[minister]] is, kin sa'nent dat net as berop opjaan. Hy of sy is dan fan berop in [[politikus]], mei (foar in fêststelde termyn) de funksje fan boargemaster of minister. Itselde jildt by in [[heechlearaar]], by wa't it heechlearaarskip in funksje is dy't fuortkomt út syn of har berop, dat bygelyks [[taalkundige]], [[natuerkundige]] of [[teolooch]] wêze kin. In funksje is ek wat oars as in [[militêre rang|rang]]. As men by de [[kriichsmacht]] tsjinnet (en dat docht as [[beropsmilitêr]] ynstee fan [[tsjinstplicht]]ige), is jins berop [[militêr]]. Jins rang kin dan bygelyks [[soldaat]], [[sersjant]] of [[generaal]] wêze. In soldaat kin de funksje hawwe fan [[skerpskutter]], in sersjant kin de funksje hawwe fan [[kertiermaster (funksje)|kertiermaster]] en in generaal kin de funksje hawwe fan [[stêfsjef]] fan 'e [[lânmacht]]. By funksjes yn [[frijwilligerswurk]], lykas it [[foarsitter]]skip fan in feriening, spilet fierders ek mei dat men foar sokke funksjes net betelle wurdt en sokke funksjes dus [[ekonomy]]sk sjoen gjin berop wêze kinne.