Underdûken: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
bettere útlis ferskillen
 
Rigel 2:
 
Ek tsjintwurdich komt ûnderdûken noch wol foar, bgl. as in [[politikus]], [[sjoernalist]] of [[tsjûge (strafrjocht)|tsjûge]] yn in [[rjochtsaak]] en syn of har [[húshâlding]] [[bedriging (misdriuw)|bedrige]] wurde. De opfang fan [[slachtoffer]]s fan [[húslik geweld]] en oare foarmen fan [[froulju]]smishanneling yn in [[Blijf-van-Mijn-Lijfhûs]] is ek in foarm fan ûnderdûken, en itselde jildt foar lju dy't in nije identiteit oanmetten krije yn it ramt fan in [[tsjûgebeskermingsprogramma]].
 
Der bestiet gâns ferskil tusken dizze foarbylden fan hjoeddeistich ûnderdûken en it ûnderdûken sa't dat bgl. yn 'e Twadde Wrâldoarloch foarkaam, en op guon plakken yn 'e wrâld no noch wol. Yn 'e oarloch moasten [[boarger]]s harren foar de [[oerheid]] (en [[kollaborateur|kollaborearjende]] oare boargers) ferside hâlde, mei't de oerheid in ferfolging fan beskate groepen ynsteld hie. Guon fan dy groepen moasten har yn alle opsichten ûnsichtber meitsje om oan dy ferfolging te ûntkommen, wat yn feite late ta it útwiksjen fan harren bestean yn 'e [[maatskippij]]. By it ûnderdûken sa't dat hjoed oan 'e dei yn [[Nederlân]] noch foarkomt, wurde minsken net troch de oerheid efternei sitten, mar troch persoanen of troch groepen út 'e maatskippij. Dêrby is der altiten sprake fan in besteande konneksje fan 'e ûnderdûker mei dejinge foar wa't er ûnderdûkt en wurdt de ûnderdûker dus net fan 'e kant fan 'e oerheid rjochteleas makke.
 
{{boarnen|boarnefernijing=