Raerderhim: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nikio (oerlis | bydragen)
L OK Raerderhim
Aliter (oerlis | bydragen)
L Utwreide
Rigel 1:
'''Raerderhim''' of ''Raarderhim'' (''Rauwerderhem'') wie in [[Fryske gemeenten#eardere gemeenten|eardere gemeente]] inyn it midden [[Fryslân]].
fan [[Fryslân]], noardlik fan de [[Snitser Mar]], mei 2.541 ynwenners (1 jannewaris 1974), en mei in gebiet fan 34,73 km², wêrfan lykernôch 1,33 km² wetter.
 
== Skiednis ==
By de [[gemeentlike weryndieling]] fan [[1 jannewaris]] [[1984]], waard Raerderhim, mei [[Idaarderadiel]] en it grutste part fan [[Utingeradiel]] gearfoege ta de [[gemeente]] [[Boarnsterhim]].
Raerderhim wie de súdpunt fan [[Eastergoa]]. Doe't dat bestjoerlik split waard, hearde it by de [[Leppa]], en doe't dy yn trije parten útienfoel wie it in part fan [[Idaarderadiel]]. Perslot rekke Idaarderadiel skieden yn parten benoarden en besúden de [[Boarne]], en foar 1500 ûntstie de [[gritenij]] Raerderhim. De [[grytman]]nen fan Raerderadiel wennen op [[Jongema State]] by Raerd.
 
By de [[gemeentlike weryndieling]] fan [[1 jannewaris]] [[1984]], waardwie it plan om Raerderhim, meiby de nije [[Idaarderadielgemeente]] [[Littenseradiel]] te foegjen, mar úteinlik waard it mei Idaarderadiel en it grutste part fan [[Utingeradiel]] gearfoege ta de [[gemeente]] [[Boarnsterhim]].
 
==Plakken==
It haadplak wie [[Raerd]], en de oare doarpen yn de gemeente wienen: [[Dearsum]], [[Jirnsum]], [[Poppenwier]], [[Sibrandabuorren]] en [[Tersoal]].
 
== Gebiet ==
De noardwestgrins fan Raerderhim wie de [[Swette (Middelsee)|Swette]], mei oan de oare kant [[Baarderadiel]]. De noardeastgrins wie de âlde rin fan de [[Boarn]], mei deroerhinne Idaarderadiel. De súdeastgrins wie de [[Nije Wjittering]] mei derfoarby Utingeradiel. Oan de súdkant wie de Snitser Mar de grins mei [[Doanjewerstal]], en de grins mei [[Wymbritseradiel]] yn it súdwesten waard foarme troch de [[Sjaardemasleat]] en de [[Spearster dyk]].
 
== Untwikkeling ynwennertal ==
* [[1974]] - 2.541
* [[1969]] - 2.504
* [[1964]] - 2.636
* [[1959]] - 2.732
* [[1954]] - 2.886
* [[1900]] - 2.825
* [[1848]] - 2.382
* [[1796]] - 1.477
* [[1714]] - 1.200
 
[[nl:Rauwerderhem]]