Koarnwertersân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L strjitten
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
Rigel 1:
'''Koarnwertersân''' is in lyts doarp yn de gemeente [[Wûnseradiel]], oan de knik yn de [[Ofslútdyk]]. It doarp hat likernôch 26 ynwenners (2004).
Oarspronklik wie it in [[wurkeilân]], dat foar de bou fan de Ofslútdyk oanlein waard op de [[sânplaat]] mei deselde namme dy't yn de [[Sudersee]] lei.
 
==Kazematten==
[[Image:Lorentzsluizen Kornwerderzand.jpg|thumb|left|[[Lorentzslûzen]] by Koarnwertersân]]
Tichtby Koarnwertersân lizze de Lorentzslûzen, in stelsel fan [[spuislûs|spuislûzen]] en in grutte en lytse [[skutslûs]]. Mei de [[Stevinslûzen]] behearskje se it wetterpeil fan de [[Iselmar]], en dêrmei ek fan it efterlân. It wetter fan de Iselmar wurdt spuid op de [[Waadsee]].
 
Dit waard fan militêre betsjutting achte yn ferbân mei [[inundaasje]]s. Dêrom is yn Koarnwertersân in stelsel fan [[kazemat]]ten oanlein dat de slûzen beskermje moat.
Hjir is yn de [[Dútske oanfal op Nederlân yn 1940|Maaiedagen]] fan [[1940]] fûleindich fochten; it hat de ienige Nederlânske stelling west dy't hoekhold tsjinoer de [[Dútslân|Dútsers]].
 
Koarnwertersân mei de slûzen en kazamatten falle ûnder de [[beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân]].
 
==Sport en rekreaasje==
Troch dit plak rint de Jeropeeske [[kuierrûte E9]], ek wol [[North Sea Trail]] of [[Deltapaad]] neam. De E9 rintt lâns de kust fan [[Portegal]] nei de [[Baltyske steaten]].
 
==Strjitten==
Ofslútdyk, Slûswei.
Line 6 ⟶ 20:
* [[Fryske doarpen]].
 
==Keppeling om utens==
{{stobbe}}
* [http://www.kazemattenmuseum.nl/ Kazemattenmuseum Koarnwertersân]
* [http://www2.pbf.nl/cgi-bin/gemeente.cgi?plaats=Kornwerderzand Tresoar, foto's fan Koarnwertersân]
 
{{koördinaten|53_04_23_N_05_20_00_E_type:landmark_region:NL|53° 04' 23" NB, 05° 20' 00" EL}}