De Langelille: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L fan nl:
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
skoallen en De Trijesprong
Rigel 11:
webstee = [http://www.groteveenpolder.nl www.groteveenpolder.nl] |
}}
'''De Langelille''' is in doarp yn it westen fan de gemeente [[Weststellingwerf]], by de [[Tsjonger]]. It doarp hat likernôch 261 ynwenners. De namme wurdt al neamd yn [[1644]], op in lânkaart fan [[Bernardus Schotanus à Sterringa]]. Eartiids wie Langelille ûnderdiel fan [[Munnikebuorren]]. It doarp is ûntstien op de lofter ouwer fan [[De Tsjonger]] en hat him lâns de heaks op de rivier lizzende Tsjerkewei útwreide. Minsken út Langelille gienen earder nei tsjerke oer de Tsjerkewei. Dy eardere Swarte dyk, dy't no Tsjerkewei hjit, wie eartiids in gewoane '' menninge''. Op de dyk fan Langelille moast eartiids geregeld liem opbrocht wurde om de dyk stevich te hâlden..
 
By it doarp leit rekreaasjesintrum De Trijesprong oan De Tsjonger mei in kemping, in kafee en in swimplak.
 
Yn [[1964]] binne de skoallen fan [[Spangea]], [[Nijetrine]], [[Skerpenseel]], De Langelille en [[Munnikebuorren]] gearfoege ta ien sintrale skoalle: de Heidaskoalle yn Munnikebuorren.
 
It doarp is troch de wike mei iepenbier ferfier te berikken mei buertbusline 108 fan Arriva dy't fan en nei [[Wolvegea]] rydt. Dizze rydt op wurkdagen tusken 7:00 en 19:30 oere. Yn it wykein en op feestdagen rydt de bus net.
Line 21 ⟶ 25:
 
==Strjitten==
Tsjerkewei, Langelillewei, Lemsterwei.
Kerkeweg, Langelilleweg, Lemsterweg.
== Sjoch ek ==
* [[Fryske doarpen]].