Tigris: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fan nl
 
tikflaterke
Rigel 1:
[[Ofbyld:Tigris river in mosul.jpg|right|thumb|300px|De Tigris by Mosul]]
De '''Tigris''' ([[Arabysk]]: دجلة, ''Didjla'', [[Armeensk]]: Տիգրիս ''Tigris'', [[Turksk]]: ''Dicle'') is in rivier yn it [[Midden-Easten]], ien fan de twa grutte rivieren fan it eartiidske twastreamelân [[Mesopotaamje]]. De rivier is 1900 kilometer lang en streamt fanút de bergen fan East-[[Turkije]] ([[Koerdistan]]), lânlâns de [[Irak|Iraakske]] stêden [[Mosoel]], [[Tikrit]], [[Samarra]] en [[Bagdad]] nei it súdeasten. By Korna, sa om-ende-by 150 kilometer foar de útrin, komt de Tigris tegearre mei de [[Eufraat]] en streamt as de [[Sjatt al-Arab]] troch in grutte sompe nei de [[Perzyske Golf]].
 
It lân tusken de [[Eufraat]] en de Tigris is tige fruchtber en wie de bakerkoer fan ferskate âlde beskavings lykas dy fan de [[Soemeriërs]], de [[Babyloniërs]] en de [[Assyriërs]].