Raerd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
eardere lizzing
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
yndieling wat feroare
Rigel 3:
 
Raerd is in [[terpdoarp]] deun by de wei fan [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] nei [[Snits]]. By die wei hat eartiids ek in [[state]] west, [[Jongema State]], dêr't no allinnich de poarte noch fan oerein stiet. Op dit stee is no in park mei beammen op in terrein mei [[stinzeplant]]en. Dit park wurdt beheard troch [[It Fryske Gea]]. Utsûndere de maitiid is it park frij tagonklik foar it publyk. De ynwenners hawwe de [[bynamme]] "Raerder Roeken", troch it grut tal roekenêsten dat op it [[Jongemastate|terrein fan de eardere state]], yn'e folksmûle de "Raerder Bosk" neamd, te finen is.
==Ferskaat==
 
*It doarp is ien fan de einpunten fan de [[Slachtemaraton]], in kulturele maraton oer de âlde [[Slachtedyk]] troch it Fryske lânskip tusken Raerd en [[Easterbierrum]].
*Raerd leit ek oan de westrûte fan it [[Jabikspaad]].
*It doarp is ek de thúshaven fan it [[IFKS]]-[[skûtsje]] de [[Raerder Roek]].
*De herfoarme tsjerke is fan [[1814]].
 
==Strjitten==