Waling Dykstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 1:
'''Waling Dykstra''' ([[14 augustus]] [[1821]], [[Froubuorren]] - [[15 jannewaris]] [[1914]], [[Holwert]]) soan fan Gerrit Walings Dykstra en Antje Keimpes Koopmans wie in [[Frysk|Fryske]] [[Literatuer|skriuwer]], yn de tradysje fan de [[Bruorren Halbertsma|Halbertsma's]], benammen bekend fan it [[Frysk Winterjûnenocht]] wermei't hy tegearre mei [[Tsjibbe Gearts van der Meulen]] it Frysk toaniel in plak joech yn de Fryske mienskip.
 
Waling Dykstra waard berne te Froubuorren as bakkerssoan en soe sels it fak ek leare. Al rillegau kaam hy der efter dat dat syn ropping net wie. Yn [[1853]] die hy de bakkerij oan kant. Hy wie doe al jierren dwaande mei it skriuwen fan fersen en artikels en geandewei waard dat fan tiidferdriuw syn berop en breawinning. In grut literator soe Dykstra nea wurde, mar syn populêre wurkjes hawwe in grutte bydrage levere oan it brûken fan it skreaune (en songen) Frysk.