Suwâld: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L strjitten
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan de webstee fan S en de Encyclopedie fan Friesland 1958
Rigel 1:
[[Ofbyld:Map NL Tytsjerksteradiel Suwâld.png|thumb|300px|right|de [[himrik]] fan Suwâld]]
'''Suwâld''' is in doarp yn de gemeente [[Tytsjerksteradiel]], súd fan [[Hurdegaryp]] en tsien kilometer súdeastlik fan [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] op de râne fan de [[Fryske Wâlden]]. It doarp hat likernôch 622 ynwenners (2006). De bewenners wurde ek wol 'kaäniten' neamd.
==Strjitten==
Alde Lunewei, Aldemiede, [[Daniel Bouwes]]wei, De Warren, Ds Oosterhuisstrjitte, Ds Pelstrjitte, Heechhiem, Tsjerkebuert, Louwsmarwei, Monnikenwei, [[Mostermûne]], Noarderein, [[Symen Halbes]]wei, Suderein.
 
De namme komt fan ''suderwâld''. It streekdoarp is ûntstien op in lange smelle sânrêch west fan de [[Wide Ie]]. Oan beide kanten fan de sânrêch lizze leechfeangebieten. It doarp komt al foar as ''Suethawald'' yn [[1328]] en as ''Zuwawald'' yn [[1419]]. Yn de [[12e ieu]] moat hjir al in tsjerkje stien hawwe.
 
Suwâld hat de earste sinnepont fan'e wrâld, dizze pont meit de namme 'Schalkediep' fart oer it [[Prinses Margrietkanaal]] en wurdt in soad brûkt troch fytsleafhawwers. Yn it simmerseizoen fart hy alle dagen fan 11 oere oant 20.30 oere, sneins oant 18 oere. Oan it Prinses Margrietkanaal is in jachthaven foar passanten.
==Mienskip==
Suwâld hat in aktyf ferieningslibben, boppedat wenje der ferskate keunstners mei in eigen atelier dy't op ôfspraak besjoen wurde kinne. Yn de buorren fan it doarp stean de koartlyn restaurearre tsjerke, doarpshûs de Suderfinne mei de jeugdsoas It Pypke en de basisskoalle Dûbel-Ien. De doarpskrante hjit Mei Inoar.
===Befolking===
*[[1954]] - 672
*[[1959]] - 613
*[[1964]] - 616
*[[1969]] - 589
*[[1973]] - 544
*[[2006]] - 622
===Ferienings===
*Toanielselskip Suwâld
*Gezellig Samen zijn - skaken en damjen
*Keu's genoeg - biljerten
*SV Suwâld - gymnastyk, folleybal en fuotbal
==Strjitten==
Alde Lunewei, Aldemiede, [[Daniel Bouwes]]wei, De Warren, Ds Oosterhuisstrjitte, Ds Pelstrjitte, Heechhiem, Tsjerkebuert, Louwsmarwei, Monnikenwei, [[Mostermûne]], Noarderein, [[Symen Halbes]]wei, Suderein, Tsjerkebuert,.
 
== Sjoch ek ==
* [[Fryske doarpen]].
 
{{stobbe}}
==Keppeling om utens==
*[http://suawoude.dewebwereld.nl/ Webstee Suwâld]
 
[[Kategory:Tytsjerksteradiel]]