De Tike: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L koo en keppeling
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl: en befolking
Rigel 1:
[[Ofbyld:Map NL Smellingerlân De Tike.png|thumb|300px|right|de [[himrik]] fan De Tike]]
'''De Tike''' is in doarp yn it noarden fan de gemeente [[Smellingerlân]], tichby it marke [[De Leien]]. It doarp hat likernôch 350 ynwenners (2004).
==Skiednis==
De omjouwing fan it doarp waard al foar de jiertelling bewenne. De namme Tieke is fermoedlik ôflaat fan it wurd Theeka. Yn in akte út it jier [[1543]] wurdt melding makke fan "een stuck leggende opt Theeka." Om 1700 stienen yn de omkriten in stik of wat pleatsen en meardere seaddehutten ferspraat yn it lânskip. Op 23 oktober 1952 waard offisjeel de status fan "dorp" ferleind en is op advys fan de [[Fryske Akademy]] de namme feroare yn De Tike.
 
De Tike leit fan âlds op de skieding fan twa gemeentes, [[Smellingerlân]] en [[Tytsjerksteradiel]]. De grins rint lâns de Susterwei en de Polderdyk. De Susterwei is neamd nei de susters fan it eardere nonnekleaster yn [[Sigerswâld]]. Dizze [[non]]nen rûnen hjir yn de [[16e ieu]] lâns as hja nei de oare kleasters der omhinne gienen. Dizze ferbiningswei rûn doe dwers troch it gebiet wêr't no [[De Leien]] leit.
 
===Befolking===
*[[1959]] - 415
*[[1964]] - 342
*[[1969]] - 310
*[[1974]] - 312
*[[2004]] - 350
 
==Strjitten==
Doktersheide, [[Durk Ljibbes]]wei, Harmsreed, It Leech, Leiensreed, Master de Jongwei, Master Iniawei, Peinderwei[[De Pein|Peinder]]wei, Polderdyk, [[Singel]], Susterwei, Wierren.
 
== Sjoch ek ==
* [[Fryske doarpen]].
 
==Keppeling om utens==
*[http://www.de-tike.nl Side oer De Tike]
 
{{Koördinaten|53_9_7_N_6_2_13_E_type:city_zoom:14_region:NL|53° 9' NB, 6° 2' EL}}
 
{{stobbe}}
[[Kategory:Smellingerlân]]