Béatrys: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
No edit summary
 
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 1:
'''Béatrys''' (''nl:Beatrijs'') is de algemiene namme foar de [[Marialeginde]] dy't nei all gedachten yn de 2e helte fan [[13e ieu]] yn it [[Middel-Nederlânsk]] op rym setten is. De feitlike titel is ûnbekind, lykas de skriuwer. It hânskrift wêryn de Béatrys oerlevere is, stamt út likernôch [[1374]] en wurdt bewarre yn de [[Keninklike Bibleteek fan Nederlân]]. Deselde leginde is ek yn oare [[West-Europeeske talen]] oerlevere.
 
De Béatrys fertelt it ferhaal fan in jonge non dy't as kosteres yn in kleaster wurket. Ut leafde foar in jongfeint, ferlit se it kleaster en kriget mei hmhim twa bern. Nei sân jier, as it jild op is, ferlit de man har. Béatrys sjocht har dan needsake om te hoerearjen om oan'e kast te kommen wat se op'e nij sân jier folhâldt. Se bleaun al dy tiid yn har bea op Maria betrouwen. As se nei krekt 14 jier werom giet nei de kontreien fan it kleaster, heart se ferheart op dat nimmen har ôfwêzigens opmurken hat. Yn trije fisioenen fernimt se dat Maria al dy tiid har plak ynnommen hat en wurdt se oantrune har wurk yn it kleaster wer op te pakken.
 
Mooglik binne der twa skriuwers fan de ferzje dy't bewarre bleaun is. Dy twadde hat der neffens dy teory in stikje by skreaun om reklame te meitsje foar de bycht. De twadde skriuwer soe dan it stik nei rigel 919 skreaun hawwe.