Ketlik: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Escarbot (oerlis | bydragen)
L robot Erbij: en:Katlijk
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 14:
'''Ketlik''' (''Katlijk'') is in [[Fryske doarpen|doarpke]] yn de gemeente [[It Hearrenfean]], eastlik fan de flekke. Ketlik hat 634 ynwenners. De namme komt fan ''leke'' dat waterlossing betsjut. De namme soe ek komme kinne fan it wurd '' katolyk''.
== Skiednis ==
Al folle earder, yn [[1315]], stie der in kapel yn Ketlik, dat it doarp hat al in lange skiednis. Eartiids wie it yn de omkriten fan Ketlik neat as fean en heide. Mar yn de [[16e ieu]] sette Pieter fan Dekema mei Johan van Cuijck en Floris Foeyts de [[Skoatterlânske Kompanjy]] op. De kompanjy kocht feangrûn yn yn Ketlik, [[Brongergea]] en omkriten. De kompanjy liet de [[Skoatterlânske Kompanjonsfeart]] grave mei in soad wiken om de turf en it wetter ôf te fieren. It hat it lânskip gâns feroare.
 
Yn [[1673]] wie it it leger fan de biskop fan [[Munster]] slagge om de [[Lytse WetterlinjeWetterlynje]] oer te kommen, mar nei't men yn Ketlik seit waard it leger yn Ketlik troch it doarpsfolk ferslein.
 
Ketlik wie eartiids út trije parten opboud: [[Grut Ketlik]], [[Lyts Ketlik]] en [[Nij Ketlik]]. De beide earsten foarmje tegearre it hjoeddeiske doarp, wylst Nij Ketlik letter ''Boppeknipe'' waard en no diel útmakket fan it doarp [[De Knipe]].
Rigel 26:
De jierlikse Sint Thomaslieden - manifestaasje, wêr't betûfte kloklieders, yn tradysjonele klean stutsen, de klokken op de maat klinke litte. Soks bart fan de koartste dei, 21 desimber ôf oant 1 jannewaris ta. Dit Sint Thomaslieden , ek wol plúslieden neamd, is bedoelde om kweade geasten te ferjeien. De twa klokken yn in "fjouwerkante slach"te hearren wêze. De klokken ha dan in bepaald ritme.moatte sa let wurdeIt is no foaral in aardich folksgebrûk. It is de keunst om de twa klokken te lieden yn in ritme dat goed op inoar ôfstimd is. It giet by dat lieden om de s.n. "fjouwerkante slach". De lytse en de grutte klok binne dan yn harmony mei inoar. De lytse klok moat in fearnsslach nei de grute klok komme.
Eartiids gie it Sint Thomaslieden dei en nacht troch. Tsjintwurdich allinnich tusken moarns 7 oere oant jûns 10 oere. De gemeente It Hearrenfean hat it lieden ris ferbiede wold en hellen doe de bongels út de klokken. Tsjintwurdich stimulearret de gemeente It Hearrenfean de tradysje mei in subsydzje.
 
==Mienskip==
Der is in feriening fan Doarpsbelang en in doarpskrantsje hjir De Raaptepper. Se wurde ûndersteund troch de wurkgroep Doarpsfernijing. De gereformearde skoalle út [[1915]] is neamd nei ien fan de inisjatyfnimmers, Wietze Andries Nijenhuis (1874-1953). De Tsjongerskoalle is de iepenbiere skoalle. Dr is in soos foar âlderein fan 60+. In pleatslike kommisje beheart it tsjerkegebou. Hotel Hof van Schoterland spilet in grutte rol yn it doarpslibben. Pleatslik Belang Mildaam bestie yn 2004 100 jier en Pleatslik Belang Ketlik 75-jier. De beide doarpen ha doe tegearre in grut feest fierd.