Willem Loré: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L Kategory
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Rigel 1:
'''Willem Loré''' ([[1679]], [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] - [[22 maaie]] [[1744]], [[Frjentsjer]]) wie in [[wettersteatkundige]], ferneamd foar de diken dy't er ûntwurpen hat, wêrûnder foar de [[Nije Bildtpolder]] en de [[DokkummerDokkumer Nije Silen]].
 
Willem Loré waard berne yn 1679 yn Ljouwert. Syn heit wie foarsjonger by de Waalske gemeente en joech dêrneist les yn wiskunde en Frânsk. Doe't Willem 12 jier wie ferstoar syn heit. Dêrtroch kaam Willem yn in Ljouwerter [[weeshús]] terjochte. Willem hie in talint foar wiskunde en wie neist syn deistich wurk iverich mei [[wiskunde]] stúdzje dwaande.
 
Syn iverigens foel op by de reginten fan it weeshús. Ien fan harren soarge der foar dat Willem ynskreaun waard oan de [[Universiteit fan Frjentsjer]]. Dêr krige hy 8 jier les fan professor Fullenius Jr. ([[1640[[ - [[1707]]). Nei dy tiid waard er promovearre ta Lânmjitter en waard er ynstrukteur oan de Universiteit. Omdat hy gjin les hân hie yn Gryksk en [[Latyn]] koe er net promovearje ta Professor en wie dat it heechste wat er berikke koe.
Troch syn betûftens yn 'e wiskunde waard er geregeld frege om ferdigeningswurken, dyken en slûzen te ûntwerpen.
 
Foar de oanlis fan diken kaam Willem Loré mei een revolusjonêr ûntwerp. Troch de diken breder te meitsjen, en fral troch se in flauwere [[falling]] te jaan, koene de dy wol in heale meter leger bliuwe as besteande diken wylst sy dochs sterker wiene. Boppedat koe it [[pealwurk]], dat oan de bûtekant fan de besteande dykendiken pleats waard, ferfalle. Dêrtroch wiene de nije diken in stik goedkeaper yn oanlis en ûnderhâld. Willem Loré hie it opsicht oer de ynpoldering fan de [[Nije Bildtpolder]] yn [[1715]], de ôfsluting fan it [[Dokkumer Djip]] yn [[1729]] en de oanlis fan de [[Koudumer Slieperdyk]] yn [[1732]] en de [[Surger Slieperdyk]] yn [[1733]].
 
Neist syn wurk by de oanlis fan slûzen en diken bleau Willem Loré les jaan oen de universiteit. Yn [[1736]] kaam er sels oan it [[Steedhâlderlik Hof]] om de jonge Fryske Stedehâlder Prins [[Willem Carel HendrikHindrik Friso]] yn de wiskunde te ûnderwizen. Yn [[1743]] krige Willem Loré noch in ûnderskieding foar syn fertsjinsten. Hy waard op 1 july 1743 oansteld as Professor Ekstra-Ordinaris yn de wiskunde. Lang hat er dêr net fan genietsje kind want op 22 maaie 1744 ferstoar Willem Loré yn 'ede âldens fan 65 jier.
 
[[Kategory:Skiednis]]