Adam Ruurds de Boer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
'''Adam Hurdrider''' ([[1721]], [[Akkrum]] - [[1800]], [[Dearsum]]) wie in fermaard hurdrider.
 
Adam Hurdrider wie de bynamme fan ''Adam Ruurds de Boer''. Oer syn libben is net mear bekend as wat registrearre waard: Adam is yn 1721 yn Akkrum berne. Hy is [[18 april]] [[1749]] yn [[Oldeboarn]] boaske mei Jeltje Everts Ecoma. Se krigen [[22 septimber]] [[1749]] in famke, Durkjen. Syn frou is al yn [[1754]] yn Oldeboarn ferstoarn. Letter moat er ferfearn wêze nei Dearsum, dêr't er yn 18011800 ferstoarn is. Yn de ferhalen komt Adam Hurdrider meast út Tersoal, dat it soe kinne dat er fan Aldeboarn earst dêrhinne ferfearn is.
 
Adam Hurdrider wie sa fermaard as hurdrider dat er de haadfiguer yn ferskate ferhalen wurden is. Dat binne ferhalen oer it hurdriden op de [[koartebaan]], en oer reedriidtochten dêr't er sa hurd by gong dat net ien by oanheakje koe. Mar ek dat er troch syn faasje grutte sprongen op it iis meitsje koe. It ferneamste dêrfan is grif dat er ris by [[Aldskou]] oer it wjekke dat it [[fear]] iepen hold, hinne sprong, wat 22 [[foet]] west hawwe moat. It hat dat ferhaal west dêr't it [[sprekwurd]] ''Dat is gjin bean wurdich, sei Adam, en sprong oer it soal.'' út fuortkaam is.