Salomon Levy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
No edit summary
Rigel 1:
'''Salomon Levy''' (ûng. [[17591751]] - [[17 maart]] [[1798]]) wie in slachter en keapman dy't oan'e ein fan [[18e ieu]] tahâlden hat yn de omkriten fan [[Kollumersweach]] en [[De Westerein]]. Levy is bekend wurden fanwege syn feroardieling ta de dea foar syn oandiel yn it [[Kollumer Oproer]].
 
====Komôf====
Sa't syn namme al oanjout wie Salomon Levy fan joadske komôf. Hy waard om 17591751 hinne berne yn de eardere Dútske steat Hessen. Hoe en wêrom Levy krekt yn de omkriten fan [[Kollum]] bedarre, is net bekend. Wol is it sa dat yn dy tiid in soad keaplju út de Dútske steat Hessen elts jier mei harren negoasje nei [[Nederlân]] tôgen. Fanwege de ôfwikende spoarbreedte fan harren karren hiene se sels in apart netwurk fan saneamde Hessewegen. Sa'n [[Hessewei]] rûn fia [[Grins]] en Kollum nei [[Fryslân]]. Yn Kollum is noch altyd in stikje dyk dat Hessewei hjit.
 
Yn de 18e ieu wiene der tal fan beheinings foar joadske minsken. Se wiene net frij har te fêstigjen en waarden mar yn in pear beroppen talitten. Slachter en keapman wiene yn Grinslân de ienige beroppen dy't oan [[joaden]] tastien wiene en dat wie dus krekt wat Levy die.
 
====Libben yn'e wâlden====
Earne yn de earmoedige omkriten fan De Westerein en Kollumersweach moat hy wenne hawwe mei de ûngefear like âlde Fokje Theunes. Tegearre hiene se opien synsoan minst(Theunis) trijeen soannen2 endochters in(Ytje en dochterAaltje).
 
It wie yn de [[Fryske Wâlden|wâlden]] eartiids gjin fetpot en Levy hie muoite om syn kostje by inoar te skarreljen. Hy soe foar lytse fergripen fjouwer kear foar gerjocht ferskine, mar waard mar ien kear feroardiele ta in jier tichthûs foar it oanbieden fan stellen guod.