Falaansk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - derby: nl:Fala (taal)
No edit summary
Rigel 27:
Fala betsjut ''sprektaal'' yn it Fala en it besibbe Portugeesk en [[Galisysk]]. De taal stamt of fan it [[Galisysk-Portugeesk]], in [[Midsieuwen|midsieuske]] taal wêrút ek it [[Portugeesk]] en Galisysk ûntwikkele is. Neffens guon taalkundigen is it Fala net in aparte taal mar in argayske foarm fan it Galisysk.
 
De measte sprekkers fan Fala wenje yn de doarpen [[Valverde del Fresno]] (''Valverdi du Fresnu''), [[Eljas]] (''As Ellas'') en [[San Martin de Trevejo]] (Sa Martin de Trebellu'') yn de isolearre fallei de Xalima. Der wurde trije dialekten fan de taal ûnderskieden: Mañegu (sprutsen yn San Martín de Trevejo), Lagarteiru (yn Eljas) en Valvideiru (yn Valverde del Fresno). Minsken dy’t Fala prate brûke de taal ûnderling, mar prate [[Spaansk]] mei de bûtenwrâld, op skoalle en yn it tsjerke.
 
De taal krijt stadichoan mear erkenning. Yn [[1992]] waard de feriening ''Asociación Fala i Cultura'' oprjochten. Dizze feriening hat as doel om de taal fierder te bestudearjen en te beskermjen. Yn [[1998]] waard it earste boek yn it Fala utjûn. Dit boek mei de namme ''Seis sainetes valverdeiros'' is skreaun troch [[Isabel López Lajas]]. Yn [[1999]] waard yn San Martin de Trevejo in wittenskiplik kongres oer de taal hâlden. En yn [[2001]] waard de taal troch de regearing fan [[Ekstremadûra]] erkend as weardefol kultureel erfgoed.