Sa't syn namme al oanjout wie Salomon Levy fan joadskejoadsk komôf. Hy waard om 1759 hinne berne yn de eardere Dútske steat Hessen. Wêrom Levy krekt yn de omkriten fan [[Kollum]] bedarre, is net bekend. Wol is it sa dat yn dy tiid kamen in soad keaplju út de Dútske steat Hessen eltsalle jierjierren mei harren negoasje nei [[Nederlân]] tôgen. FanwegeFanwegen de ôfwikende spoarbreedte fan harren karren hiene se sels in apart netwurk fan saneamde Hessewegen. Sa'n [[Hessewei]] rûn fia [[Grins]] en Kollum nei [[Fryslân]]. Yn Kollum is noch altyd in stikje dyk dat Hessewei hjit. Ek Levy kaam sa, fia de omkriten fan [[Paderborn]] en [[Munster]], nei [[Grinslân]], nei [[IJmetil]].
== Grinslân ==
Yn IJmetil hat er yn [[1787]] nei alle gedachten koart wenne by Izaäk Abrahams, dy't ek Joadskjoadsk wie en him dêr festige hie. Yn de 18e ieu wiene der tal fan beheinings foar joadske minskenjoaden. Se wiene net frij om har te fêstigjen en waarden mar yn in pear beroppen talitten. Slachter en keapman wiene yn Grinslân de ienigeiennige beroppen dy't oan [[joaden]] tastien wiene. Abrahams hat ek grif ien fan dy beroppen hân, en it wie ek wat Levy die. Levy krige tastimming om him te festigjenfêstigjen yn [[Nijesyl]] by [[Grypstsjerk]]. Hy waard dêr yndie slagterslachter en keapman, en hy wennehuze dêr gear mei de net-Joadskejoadske Fokje Theunis. Tegearre krigen se yn [[1788]] ynin soantsje, Theunis. Nei in jier of 3 as 4 ferfarre it húshâlden nei de Westerein, nei sizzen fan fan Levy om't er tocht dat er dêr in better bestean as slagterslachter en keapman hawwe soe.
== De Wâlden ==
Earne yn de earmoedige omkriten fan De Westerein en Kollumersweach moat hyer wenne hawwe mei de ûngefearlikernôch like âlde Fokje Theunes (1759, [[Boerum]]). Njonken Theunis krigen se noch twa famkes, Ytje en Aaltje.
It wie yn de [[Fryske Wâlden|wâlden]] eartiids gjin fetpot en Levy hie muoite om syn kostje by inoar te skarreljen. Hy soe foar lytse fergripen fjouwer kear foar it gerjocht ferskine. Mooglik spile lykwols ek syn Joadskejoadsk komôf in partmei by de beskuldigings. Yn eltsalle gefal waard er mar ien kear feroardiele, ta in jier tichthûs foar it oanbieden fan stellen guod.
==Kollumer oproer==
Syn belutsenens by it Kollumer Oproer fan [[3 febrewaris|3]] en [[4 febrewaris]] [[1797]] soe him lykwols needlottich wurde. De direkte oanlieding fan dizzedat opskuor wie de arrestaasje fan in drinkebroer, [[Abele Reitses]] dy't yn in herberch lûd ferkundige dat alles stikken better wie doe't de prins der noch wie en Fryslân noch in autonoom gewest wie. Salomon Levy soe oanfierder west hawwe fan in ploech rebellen dy't Reitses yn Kollum ûntset hawwe. Boppedat soe hy de bekende patriot [[Abel Keuning]] drige hawwe "oan repen te snijen". Keuning waard letter by [[Dokkum]] yndied molestearre.
Levy Salomon hat altyd ûntkend dat hy de lieder fan it oproer wie en sei dat er sels twongen wie om mei te dwaan. De tsjûgen bestimpele hyer as ûnbetrouwber en leagenêftichleageneftich. Lykwols waard hyer foar syn oanpart yn it oproer feroardiele ta de dea wiisd. Op 17 maart 1798 kaam Levy yn [[Ljouwert]] oan syn ein.