Autonavigaasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pyt (oerlis | bydragen)
No edit summary
Pyt (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:ConstellationGPS.gif|thumb|240px|right|De ierde mei de GPS-satelliten, dyt der omhinne draaie. Tink derom, hoe’t it tal fan satelliten dy’t men tagelyk sjen kin, oanienwei feroaret. Dat wurdt hjir op elk stuit - sa’t de ierde draait - jûn foar 45° noarderbreedte yn '''blau'''.]]
'''Autonavigaasje''' makket it mûglik, altyd te witten wêr’t men is. Dat wurket mei GPS (Global Positioning System), dat radiosynjalen fan spesjale [[Satellyt|satelliten]] brûkt. Dy stjoere altyd tige krekt har posysje en de tiid fan útstjoeren. It navigaasje-ark ûntfangt sa’n synjaal, sjocht apop ‘e klok hoe lang 't dat synjaal ûnderweis west hat en kin dan mei de goed bekinde [[ljochtgong|gong]] fan radiostrielen berekkenje, hoe fier 't dy satellyt fuort is.
 
 
Rigel 8:
Om no te witten, hokker fan dy twa it goede plak is, moat men dus noch in tredde satellyt hawwe, b.g. boppe [[Skylge]]. Dêr kin dan tagelyk de hichte ek mei ferwurke wurde, dat men der ek mei yn ‘e bergen ride kin. Eins is der by dy trije satelliten ek noch in twadde punt, mar dat sit twa kear sa heech as de satelliten boppe it ierdoerflak en is dêrom yn it autoferkear ûnmûglik.
Om’t it navigaasje-ark tige krekt de tiid witte moat, hat men dêr ek noch in fjirde satellyt by. Om’t men dan yntuskentiid jins eigen posysje wit, kin men dy syn ôfstân ûnôfhinklik beskiede en dêrmei de tiid fan ûntfangst, wanwant dat is ommers tiid fan útstjoeren plus reisdoer fan it synjaal. (Fansels wit men de earste kear de tiid dan net krekt, mar troch op ‘e nij dwaan komt men hieltyd tichter by de krekte wearde).
 
== It navigaasje-ark ==
Rigel 14:
Dat is it, wat it mûglik makket. It siket automatysk op elk stuit de sterkste satelliten, berekkent de posysje en de rydrjochting en lit dat dan allegear sjen op in lyts skermke yn ‘e foarm fan in trijediminsjonale [[kaart]]. Dêrby sjocht men dan ek noch jins gong en hoe lang 't it noch is nei de folgjende ôfslach.
 
Men kin der sels it adres ynbringe, dêr ‘t men hinne wol en dan wurdt men dêr kreas foar de doar ôflevere, op in mearpear meter krekt! Sels kin men sjen litte wêr 't files binne en wêr kontrôles (mei net!).
 
== Kaarten ==