Weidum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oer de mienskip
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 7:
== Dekemastate ==
 
Alear hie Weidum in úthof fan it Augtiner kleaster [[LúdingatsjerkeLudingatsjerke]]. Dizze úthof is lykas de Augustiners ferrûn. De Dekema's hawwe doe in besit fan de Augustiner koarhearen oernommen. Dit hat der foar soarge dat de measte Dekema's ek grytman fan Baarderadiel wienen. Guon hawwe foar de eare betanke. De Dekema's hearden ta de Skieringers. Lykas de measte Skieringers hawwe se meiwurke oan it bewâld fan de Saksers en [[Karel V]]. <br>
De meast bekende Dekema is [[Piter Dekema]] west. <br>
Nei it útstjerren fan de Dekema's is Dekemastate yn hannen fan ferskate famyljes west. Nei 1815 kaam it yn hannen fan de fan Beyma's. Dizze hawwe der in protte oan dien om Dekemastate net te fersleaukje te litten. Op 'en doer wie soks net mear te foarkommen. Yn wynhoas op [[2 maart]] [[1895]]
hat in ein oan de state makke. <br>
Dekemastate, dat ek wol it Mûntsehûs neamd waard, lei op de hoeke fan de Dekemawei en de Hege Dyk. Wêr't Dekemastate lei, is no de Weidumer iisbaan. It rêsthûs fan Weidum hat de namme 'Nij Dekema' krige.
 
Oant de [[gemeentlike weryndieling]] yn [[1984]], makke Weidum diel út fan de gemeente [[Baarderadiel]].
 
== Mienskip ==
Weidum hat in eigen Doarpshûs. In bekend festival yn Weidum is Roek-Rock.