Fryske Frijheid: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Oarsaken en gefolgen: Aurich ->Aurich (stêd)
Aliter (oerlis | bydragen)
L Auwerk
Rigel 19:
Neffens lettere skriuwers soe de frijheid ôfkomstich wêze fan it saneamde [[Karelsprivileezje]] dat [[Karel de Grutte]] oan [[Magnus Forteman]] jûn hie, as beleanning foar de oermastering fan Rome. Ferskate boarnen meitsje fan dat Karelsprivileezje of de Magnuskerren gewaach. It orizjineel is fuort rekke, neffens guon ynmetsele yn de muorre fan in tsjerke, nei alle gedachten dy fan [[Almenum]], [[Ferwâlde]] of [[Aldeboarn]]. Ornaris is dat ferhaal lykwols ferbûn mei de [[Magnusfane]]. In oare feklearing is dat it Karelsprivileezje bewarre waard yn Snits, en mei ien fan de grutte stêdbrannen fan de 15e ieu ferbaarne is.
 
It ûntbrekken fan in lânshear betsjutte dat er ek gjin sintraal bestjoer bestie. Dat wie benammen foar de wetjouwing en rjochtspraak, dy't yn de midsieuwen noch net dudlik fan inoar skieden wienen. Om dat gât op te follen waard lykwols besocht om foar it hiele gebiet fan de Friezen regels fêst te lizzen. Ut ferkate omkriten kamen dêrfoar ôffeardigers geregeldewei by inoar by de [[Opstalbeam]] by [[AurichAuwerk (stêd)|AurichAuwerk]]. Letter waarden ek gearkomsten hâlden yn de stêd [[Grins]].
 
Neast de regelings fan de Opstalbeam waard ek besocht tebek te gripen op ''âld'' rjocht lykas dat fêstlein wie yn de [[17 Kêsten en 24 Lânrjochten]]. In slim probleem bleau lykwols de útfiering fan it rjocht. Faak wie der wol oerienstimming oer de ynhald fan it rjocht, mar stjitte it ôftwingjen fan dat rjocht op swierichheden. As in wichtich man him net by de útslach fan in útspraak dellizze woe dan ûnbrutsen de middels om him dêrta te twingen.