Rak fan Ungemak (Boarn): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
keppeling nei De Syl
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 1:
It '''Rak fan Ungemak''' is it part fan de âlde rivier de [[Boarn]], fan it suderein fan [[Jirnsum]] oant [[Aldskou]]. It hjit sa om't de meänders yn de Boarn súdlik fan Jirnsum sa min te besylen binne.
 
Oant [[1200]] rûn de Boarn op dit stik nei it noarden, dan kaam de [[Grou (wetter)|Grou]] derby, en dan rûn it wetter foarby [[Raerd]] nei de [[Middelsee]], likernôch dêr't no de [[Mûzel (Fryslân)|Mûzel]] leit. Doe't eartiids it polderjen fan de Middelsee de mûning fan de Boarn berikt hie, hat men súdlik fan Jirnsum in wjittering, de [[Alde WjiteringWjittering]] groeven, dat it wetter fan de Boarn nei de [[Snitser Mar]] fuortkomme koe. Sûnt dy tiid rûn it wetter fan de Boarn by Jirnsum krekt de oare kant út. It wie wetter dat fan de Grou nei it suden nei de Alde Wjitering rûn.
 
Die ôfwettering fan de Grou wie wichtich om't in grut part fan [[Eastergoa]] dertroch ôfwettere. Mar it nivoferskil wie sa lyts dat der oan de noardkant fan Jirnsum it [[Jirnsummersyl]] wie; in syl om foar te kommen dat by heech wetter yn [[de Wâlden]] it wetter de Grou ýn rinne soe, in stee fan út.