Aldskoat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
ôfbyld der by
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 18:
==Skiednis==
De âlde beneaming foar it plak is ‘’ Scoete’’ of ‘’Scote’’. Nei [[1408]] sprekt men fan ''Old Schooten'', wat letter Aldskoat wurden is. De namme ferwiist nei 'skoat', in útstekkend stik lân. Fan de [[Midsieuwen]] ôf wie it doarp it sintrum fan [[Skoatterlân]], hoewol’t it gemeentehûs fan Skoatterlân oant de opheffing fan dy gemeente yn it tichtbylizzende It Hearrenfean stie. It ûntstean hat te krijen mei in hege sânrêch yn it lânskip oan de bochtige [[Tsjonger]] dy’t de boel ek wolris ûnder wetter sette.
Oant ûngefear 1750 waard der ek rjocht sprutsen yn it doarp en setele de [[gritenijriegritenij]]rie yn Aldskoat.
 
Oant 1580 stie der ek in hospitaal fan de [[Dútske Oarder]]. Opfallend detail is dat It Hearrenfean doe noch ''Skoatteruterbuorren'' neamd waard, wat dúdlik oanjout hoe wichtich Aldskoat doe wie.
De kearn fan it âlde doarp wurdt foarme troch it krúspunt fan de noard-súd as (Marktwei en Wolvegeasterwei) en de east-westas. Dizze lêste bestiet út de yn it westlik gedielte fan it doarp begjinnende ''Peperstraat'' (dy’’ t by de ynfiering fan strjitnammen yn de jierren ’50 fan de [[20e ieu]] by fersin ''Kolfbaan'' neam waaard, in fout dy’t dy’t oan no ta altyd noch net wersteld is) en de Skoatterlânskewei (dy’t trochrint oant it doarp [[Donkerbroek]] yn [[Eaststellingwerf]]). Oan de súdkant fan de Peperstrjitte wie in kolfbaan. Dizze waard om 1960 hinne beboud mei trije rigen ienfâldige ‘simplexhúzen’‘simplexhuzen’.
 
Benammen fytsfabryk [[Batavus]] en fetsmelterij Smilde hawwe in soad wurkgelegenheid jûn.
Rigel 27:
Yn de jierren '50 fan de 20e ieu ûntstie der tusken Aldskoat en Nijskoat in yndustryterrein en yn dyselde tiid waard Rykswei 32 oanlein, dy’t it doarp krekt eastlik fan de Nederlânsk Herfoarme tsjerke trochsnien. Hielendal yn de geast fan dy tiid waard de âlde doarpskearn mei yngong fan 1 jannewaris 1965 ynlive by it haadplak It Hearrenfean. De bewenners wienen dêr net gelokkich mei, sa bliek ek noch yn [[1996]] doe’t der in grutte aksje wie om de sitewaasje fan foar [[1965]] te werstellen.
Yn [[2003]] krige It Hearrenfean-Súd, sa’t in anneksearre gedielte hjitte, dan ek de âlde namme Aldskoat werom.
 
== Skoattertsjerkje ==
[[Ofbyld:Kerk Oudeschoot 12.JPG|thumb|300px|[[Skoattertsjerke]]]]