De Boarn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
No edit summary
Aliter (oerlis | bydragen)
Alde Boarn en Nije Boarn
Rigel 1:
De '''Boarn''' is in rivier yn [[Fryslân]], dy't rint fan [[Bakkefean]] oant [[Jirnsum]]. Eartiids rûn de Boarne foarby [[Raerd]] dêr't er útkaam yn de [[Middelsee]].
 
De Boarn begjint by [[Bakkefean]] yn de gemeente [[Opsterlân]], as it [[Alddjip]] of ek it ''Keningsdjip''. De rivier rint yn krinkels nei it westen oant dyer, net fier fan [[Terwispel]], fia de [[Skipsleat (Terwispel)|Skipsleat]] nei de [[Nije feart]] laat wurdt.
 
De âlde rin fan de rivier giet, mei underbrekkings, fierder oan't dyer by [[Nij Beets]] in oare [[Skipsleat (Nij Beets)|Skipsleat]] krúst. Yn in kanalisearre foarm, en mei in ûnderbrekking, rint de Boarn as it [[Alddjip]] fierder oant de rivier tegearre komt mei it [[Nije Djip]], de ferlinging fan de Nije Feart.
 
Fan dêr rint de rivier as de "Boarn" fierder nei it westen, troch [[Aldeboarn]], nei [[Nes (Boarnsterhim|Nes]] en [[Akkrum]]. Tusken dizze twa doarpen is de Boarn yn [[1993]] yn in nij bêd lein, dat fia it [[Leppe-akwadukt]] oer de [[A32]] giet.
 
FoarbyYn Akkrum hat de rivier twa earms: de [[Alde Boarn]], dy't troch de binnenbuorren rint, en de [[Nije Boarn]], dy't dêr oan de noardkante omhinne lein is. Oan de westkant fan it doarp komme de earms wer byelkoar en fan dêr giet de rivier as de [[Krûme Knilles]] nei [[Aldskou]]. Hjir krúst de âlde rin fan de rivier it [[Prinsesse Margrietkanaal]] en giet as it [[Rak fan Ungemak (Boarn)|Rak fan Ungemak]] by [[Jirnsum]] lâns, nei it [[Jirnsummersyl]]. Mar hjir rint it wetter sûnt de oanlis fan de [[Alde Wjittering]] krekt de oare kant út.
Foarby it syl hjit de âlde rin fan de Boarn de [[Mûzel (Boarn)|Mûzel]], en giet sa fierder nei [[Raerd]].
 
Foarby Raerd kaam de Boarn út yn de [[Middelsee]]. Faak wurdwurdt oannaam dat de Boarne hjir oarspronklik nei it noarden draaide, en dat de Middelsee fan oarsprong de slenk wie dêr't de Boarn troch nei it noarden rûn, nei de [[Waadsee]]. Mar it soe ek kinne dat doe't de Middelsee noch net sa grut wie, de Boarne fierder gong nei it westen, en fia de [[Marne]]slenk yn de Waadsee út kaam. Yn dat gefal is de de Middelsee earst de ûnderrin fan de Boarn wurden doe't de ferbining tusken dy twa ta stân kaam.
 
Yn elts gefal lizze tusken [[Skylge]] en [[it Amelân]] it [[Borndjip]] en it [[Bornrif]], dat der hat dúdlik in tiid west dat de Boarne hjir yn de [[Noardsee]] út kaam.
 
[[Kategory:Wetter yn Fryslân]]
 
[[nl:Boorne]]