Het Noorderlicht: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
No edit summary
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st en red en kat
Rigel 1:
'''It Noarderljocht''' wie in yllegale [[kommunisme|kommunistyske]] [[krante]] dy’t stinsile waard yn in oplage fan 100-300 eksimplaren en in pear kear yn de de oarlochsjierren 1940-1941 ferspraat waard yn Noard-Nederlân.
 
It ûntstean fan It Noarderljocht is rjochtstreeks ferbûn mei it beslút fan de [[Dútslân|Dútske]] besetters de [[Kommunistyske Partij fan Nederlân]] (CPN) en har krante it [[Folksdeiblêd]] te ferbieden. As yllegale opfolger fan It Folksdeiblêd ferskynde yn novimber 1940 [[De Wierheid]]. As regionale edysjes fan De Wierheid ferskynden tagelyk kranten as De Fonk, Tribune, It Kompas en It Noarderljocht. Dizze lêste ferskynde benammen yn [[Grins (provinsje)|GrinsGrinslân]] en [[Fryslân]] en waard fanút Grins opset troch Jan Herder dy’t troch de CPN oanwiisd wie as ynstrukteur by it opbouwen fan in yllegale organisaasje yn it noarden fan Nederlân.
 
Haadartikels waarden yn [[Amsterdam]] skreaun ûnder ferantwurdlikens fan de sintrale lieding fan de CPN en mei koeriers en koeriersters troch it hiele lân ferspraat, wêr’t de tekst dêr op [[stinsil]] set waard en ferspraat.
Rigel 9:
In twadde ferspriedingsgroep bestie út Jacob de Wacht, 42 jaar, boufakker en CPN-er út Ljouwert; Foppe Schipof, 42 jaar, frijbûtser en negoasjeferkeaper út Ljouwert; Harry Tulp, 32 jier, lid fan de CPN en fertsjintwurdiger; Jacob de Rook, 51 jier, fiskrikker út [[De Lemmer]] en lid fan de CPN.
 
Ta de tredde groep, de saneamde Houtigehagegroep, hearden Frans Dalstra út Surhústerfean, 39 jier, transportarbeider en lid fan de CPN; Piet Keverkamp, 33 jier, kapper yn [[Houtigehage]], roomsk (dy’t by syn arrestaasje yn 1941 tsjin syn frou sei: “"Nee ik hoech myn jas net oan, ik bin sa wer werom.”)"; Siebe Bos, 32 jier, fuorman en lid fan de CPN.
Doe’t de Noarderljochtgroep yn Grins yn febrewaris 1941 oprôle waard, waard It Noarderljocht op 5 maart 1941 foar de earste en lêste kear yn Ljouwert makke yn de Insulindestrjitte by Eds en Klaaske van der Heide en fan dêrút ferspraat. Koart dêrnei waarden hast alle meiwurkers arrestearre.
 
Rigel 21:
 
* Eds van der Heide ûntkaam op 4 septimber 944 út it Noard-Brabânske kamp Haaren.
* Jan Herder waard yn febrewaris 1944 arrestearre en nei it [[kamp AmersfoortAmersfoart]] brocht wêr’t hy op [[Mâle Tiisdei]] ([[5 septimber]] [[1944]]) frij kaam.
* Piet Keverkamp kaam om yn 1945 yn it konsintraasjekamp [[Mauthausen (konsintraasjekamp)|Mauthausen]].
* Jacob de Rook kaam om yn 1942 yn it konsintraasjekamp Buchenwald.
Rigel 36:
* Hans van den Heuvel en Gerard Mulder, It Frije Wurd, de yllegale parse yn Nederlân 1940-1945. Den Haach, 1990.
 
[[kategoryKategory:Nederlânske krante|Noarderljocht, It]]
[[Kategory:Twadde Wrâldoarloch]]
 
[[nl:Het Noorderlicht (krant)]]