Waadsee: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L ru interwiki
Aliter (oerlis | bydragen)
Oars ferparte tusken Waadeilannen, Waadsee en Waad
Rigel 1:
[[Ofbyld:Waddenzee.jpg|right|thumb|400px|it westlik part fan de Waadsee]]
De '''Waadsee''' is de see dy't yn [[Nederlân]], [[Dútslân]] en [[Denemark]] tusken de [[Waadeilannen]] en de wâl leit. De see is likernôch 450 km lang, en 5 oant 30 km breed. By leech wetter falt it grutste part fan de Waadsee droech, fertroch de see in in tige wichtich [[fûrazjeargebiet]] foar fûgels is.
 
== Natuer ==
De Waadsee hat bysûndere plantesoarten en bistesoarten, dy't oanpast binne oan in gebiet wat de helthelte fan tiid ûnder wetter stiet. Trekfûgels brûke it gebiet om iten te finen, en foar de [[seehûn]], en in soad oare organismen, is it in plak dêr't de jongen berne wurde kinne. Yn alle trije lannen is de Waadsee in beskermd gebiet. In bedriging fan de Waadsee is de fierdere stiging fan de seespegel.
 
==Untsteansskiednis==
De rivieren dy't yn de [[Noardsee]] útmûnje brochten eartiids in soad sân mei nei de útrinnen. Trocht de ieuwen hinne waard dit by de flakke en ûndjippe kust ôfsetten. Sa'n 53.000 jier lynfoar Kristus ûntstienen hjir troch de wurking van de wyn, strânwâlen. It gebiet efter de wallen bleau sûnt dy tiid droech en der ûntwikkele him in rike fegetaasje en lang om let fûn der feanfoarming plak. Op dizze wize is it tsjintwurdige lânskip fan [[Hollân]] ûntstean.
 
De Waadsee hat nei de lêste [[iistiid]] droech lân west, en de measte waadeilannen hawwe ek yn histoaryske tiden noch op fuotten berikber west. Stiging fan de seespegel hat dat lykwols lestiger makke, al binne alle eilannen al troch [[waadrinnen]] berikber. Yn de [[Midsieuwen]] bruts de strânwal troch in oantal grutte stoarmen yn stikken û.o.ûnder oaren troch de [[St.Grutte LuciafloedStoarm]]. Hjirtroch koe de see hieltyd fierder it lân yn komme en sadwaande ûntstie de Waadsee. Ut de restanten fan de strânwâl ûntstienen de Waadeilannen. De bewenners koenen in part fan it lân mei diken beskermje, it oare part waard twa kear deis troch de see oerstreamd.
 
=== Stigen fan de seespegel ===
Yn Denemark en Dútslân binne ferskate eilannen mei dammen mei it fêstelân ferbûn. Yn Nederlân binne [[Wieringen]] en de eilannen súdwestlik dêrfan yn de rin fan de tiid part fan it fêstelân fan [[Noard-Hollân]] wurden. Fierders wie [[It Amelân]] fan [[1872]] oant [[1882]] mei de [[Amelânske Daam]] mei de wâl ferbûn, mar dy dam is wer ferdwûn.
Yn de lêste [[iistiid]], dy’t sawat 10.000 jier foar Kristus einige, lei de [[seespegel]] ûngefear 60 meter ûnder it hjoeddeiske nivo. Troch it ranen fan de [[iiskape]]n riisde de seespegel en oerspielde it wetter de foar it grutste part droechfallen Noardsee. De hjoeddeiske kustline waard ûngefear 5000 jier foar Kristus berikt. Troch eb- en floedwurking en oanfier fan rivieren waard in protte sân nei de kust transportearre.
 
Wetter en wyn heappe it sân op by stiennen en efter begroeiing. Sa'n 3.000 jier foar Kristus ûntstienen hjir strânwâlen, in grutte en oanslutende rige dunen dy’t him útstrekte fan it tsjintwurdige [[Belgje]] oant de mûning fan de [[Elbe]], tichtby wêr’t no [[Hamburch]] leit, mei allinnich iepenings foar de rivieren. Fan dêr moat in twadde dunerige nei it noarden rûn wêze. It gebiet efter de wallen bleau sûnt dy tiid droech en der ûntwikkele him in rike fegetaasje en lang om let fûn der feanfoarming plak.
Der hawwe ferskate plannen west om de Nederlânske Waadsee yn te damjen. Nei de wettersneed yn Seelân yn [[1953]] waard hjir op 'e nij ûndersyk nei dien, en waard in plan opsteld om hast gâns it waadgebiet yn te damjen. Yn de earste faze is tusken [[1961]] en [[1969]] de [[Lauwerssee]] ôfsletten. De oare fazes fan it plan binne nea útfierd.
 
Om it begjin fan de jiertelling hinne fermindere de stiging fan de seespegel. De see hie lykwols al bressen slein yn de dunerige en it dêrefter lizzende legere lân omfoarme ta de waadflakte, al hie dy oan de fêstewâl noch net de hjoeddeiske foarm. De hieltyd mar hinne-ende-wer geande tijstreamen slieten hjir slinken yn út en sa ûntstienen de Waadeilannen.
In bedriging fan de Waadsee is de fierdere stiging fan de seespegel.
 
=== Bewenningsskiednis ===
Al fier foar it begjin fan ús jiertelling wie der minsklike bewenning yn it waadgebiet. Oant de achtste ieu nei Kristus wenje de minsken benammen op terpen. De libbensomstannichheden wiene min, alteast yn 'e eagen fan oaren, sa’t út in sitaat fan de Romein [[Plinius]] bliken docht:
 
:''.....wat is de natuer en karakteristiken fan it libben fan minsken dy’t libje sûnder beammen of struken. Wy ha yndie sein dat yn it easten, oan de kusten fan de oseaan, in tal rassen yn sokke earmoedige kondysjes ferkeare; mar dit jildt ek foar de rassen fan folken dy’t de Grutte en Lytse Ghaucen neamd wurde, dy’t wy sjoen hawwe yn it noarden. Daar stoart, twa kear yn elke perioade fan in dei en in nacht, de oseaan him mei in fluch tij oer in ûnmjitlike flakte, dêrby de ieuwenâlde striid fan de Natuer ferhoaljend of it gebiet ta it lân of ta de see heart. Dêr bewennet dit miserabele ras ophege stukken grûn of platfoarms, dy’t se mei de hân oanlein ha boppe it nivo fan it heechst bekende tij. Libjend yn hutten boud op de keazen plakken, lykje hja op seelju yn skippen as it wetter it lân dêromhinne bedekt, mar op skipbreklingen as it tij him weromlutsen hat, en om harren hutten fange se de fisk dy’t besiket fuort te kommen mei it ôfgeande tij. It is foar harren net mooglik om kuddes te hâlden en te libjen op molke lykas stammen dêromhinne, hja kinne net iens mei wylde bisten fjochtsje, omdat it bosklân fier fuort leit. Hja flechtsje touwen fan sigge en bizen fan de moerassen om dêrmei netten sette te kinnen om fisk te fangen, en hja grave modder op mei harren hannen en droegje it mear yn de wyn as yn de sinne, en mei ierde al branje ferwaarmje se harren fiedsel en harren eigen lichems, beferzen yn de noardewyn. Harren ienige drank komt fan it opslaan fan reinwetter yn tanks yn it foarhôf fan harren huzen. En dit binne de rassen dy’t at se no oerwûn wurde troch de Romeinske naasje, sizze dat se ferfalle ta slavernij! It is mar al te wier: Het lot sparret de minske by wize fan straf.''
 
Om it jier [[1000]] waard begûn mei de oanlis fan [[dyk|diken]]. In belangrike rol waard dêrby spile troch de kleasterlingen, ûnder oare dy fan it [[Kleaster fan Auwert]]. Mar ek dêrfoar waard al besocht om de see te betwingen. By [[Peins]] is in 40 meter lang stik dyk fûn dat nei alle gedachten stammet út de earste of twadde ieu foar Kristus.
 
Yn de lette Midsieuwen krige de bediking hieltyd mear foarm en naam de oerlêst fan it wetter ôf. Fan de santjinde ieu ôf, waarden de diken troch lânoanwinning hieltyd mear opskood. It hichtepunt dêrfan wie yn de njoggentjinde en tweintichste ieu.
 
=== Behâld fan de Westfryske/Hollânske kust===
Ek de dunerige besuden de Waadsee wie bleatsteld oan de wurking fan it tij, mar de oare omstannichheden en it yngripen fan de minske kamen foar dat de protte stoarmfloeden de kust fan Hollân definityf feroaren yn losse eilannen mei in waadflakte dêrefter. In soad stoarmfloeden om 1200 hinne hiene wol ta gefolgen dat de noardlike kust fan [[West-Fryslân]] útinoar bruts yn fiif eilannen. Om 1600 hinne wienen de fjouwer oan de westkust al wer weromwûn, mar [[Wieringen]], súdeastlik fan Tessel, bleau oant yn de [[20e ieu]] in eilân. Troch sommigen wurdt Wieringen dêrom by de Waadeilannen rekkene, al hat it eins in oare ûntsteansskiednis: it is in [[triuwwâl]] út de [[Riss-iistiid]].
 
== Lânfêst ==
=== Westlike Waadsee ===
Yn [[Nederlân]] binne party plannen makke om de Waadsee yn te dykjen en droech te meitsjen. Sadwaande soenen de eilannen wer part fan de fêste wâl wurde. De measte fan dy plannen wienen yn harren tiid net te dwaan. Fan [[1872]] oant [[1882]] wie Fierders wie [[It Amelân]] troch de [[Amelânske Daam]] mei de wâl ferbûn, mar dy daam is wer opjûn. Dêrnei waard yn [[1932]] troch de [[Ofslútdyk]] de súdein fan de Waadsee ôfsletten, en tagelyk is [[Wieringen]] dêrmei lânfêst wurden. Nei de wettersneed yn Seelân yn [[1953]] waard in nij plan opsteld om hast gâns it waadgebiet yn te damjen. Yn de earste faze is tusken [[1961]] en [[1969]] de [[Lauwerssee]] ôfsletten. De oare fazes fan it plan binne nea útfierd. Natoer- en miljeubewegings hawwe de lettere plannen troch aksjefieren opkeard.
 
 
=== Noardlike Waadsee ===
Yn de noardlike Waadsee blykt it bouwen fan damen in stik ienfâldiger. Fral guon fan de halligen lizze ticht by de fêstewâl. [[Noardstrân]] is no sasear mei diken oan de wâl ferbûn dat der eins gjin sprake mear is fan in eilân, en ek [[Nees (eilân)|Nees]], [[Olân]], [[Nordstrandischmoor]], [[Hamburger Hallig]], [[Sylt]] en [[Romeach]] binne allegear oer in daam te berikken. [[Mandeach]] is sels sûnder dam berikber, oer in [[tijdyk]].
 
==Keppeling om utens==
* [http://www.waddenzee.nl Webstee Ynterwaad], subsidiearre troch ministearjes en gemeentes - mei in detaillearre kaart fan it Nederlânske gedieltepart.
* [http://www.waddensea-secretariat.org/ Common Waddensea Secretariat], foar de trilaterale gearwurking tusken Denemark, Dútslân en Nederlân.
* [http://www.waddenvereniging.nl/ Waadseeferiening].
* [http://www.wadvaarders.nl Feriening Waadfarders], komt op foar de belangen fan de wetterrekreanten.
 
[[Kategory:Waadsee]]