Monosacharide: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: '''Monosachariden''' binne de ienfâldichste koalhydraten. It binne aldehyd-alkohoalen en keton-alkohoalen mei trije oant seis ko…
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 2 jun 2009 om 10.59

Monosachariden binne de ienfâldichste koalhydraten. It binne aldehyd-alkohoalen en keton-alkohoalen mei trije oant seis koalstofatomen. Sûkers mei trije koalstofatomen wurden trioazen neamd, dy mei 4,5 en 6 binne tetroazen, pentoazen en heksoazen.

De fjouwer ferneamdste monosachariden:

Aldoaze of Ketoaze

De monomeare basissûkers hawwe ien keatling fan 3,4,5,6 of 7 koalstofatomen dy't op ien nei allegear in hydroksylkloft drage. It oerbleaun koalstofatoom foarmet in karbonylkloft. As de karbonylkloft oan it earste koalstofatoom yn de keatling sit, is it in aldoaze (neamd nei aldehyde), as ien fan de oare koalstofatomen de karbonylkloft draacht is it in ketoaze (neamd nei keton).

   
In aldoaze sûker mei 5 koalstofatomen
(aldo-pentoaze).
In ketoaze sûker mei 6 koalstofatomen
(keto-heksoaze).
Yn de werjefte fan in sûkermolekúl as hjir toand (Fischer-projeksje) binne de H en OH kloften sa pleatst, dat ien maklik it stereo-isomear kin werkenne yn it platte flak
 
Dit artikel is in stobbe.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.