Gytsjerk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
wat oer de mienskar
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
wat oer de tsjerke
Rigel 9:
Gytsjerk lei eartiids op in nei alle kanten ôfsluten sâneilân. Mei de doarpen Aldtsjerk en Oentsjerk ûntstie weat fan ferbûnenens en yn de rin fan de tiid krige dit heger lizzende gebiet de namme: De Trynwâlden. It sâneilân wie lang ferlyn tige ryk oan bosk en yn de Midsieuwen wennen hjir minsken, dy't de rânen fan dit gebiet meast brûkten foar boulân. De earste bewenners sille grif de âld Germaanske grûnferdieling tapast hawwe. Tige wichtich by de rjochtsgong wie doe dat elke boer rjocht hie op in oandiel yn it mienskiplike besit, it saneamde mienskar. Alde stikken yn Gytsjerk fermelde noch it bestean fan sa'n mienskar ( ± 1581)
De buorkerijen yn Gytsjerk wienen boud op de hegere gedieltes fan it sâneilân en de bouwlannen leinen yn stroken efter dy pleatsen. Foar feehâlders wie it leger lizzende lân geskikt en yn de boerenmienskip gou de regel: hoe grutter it besit oan boulân nammerste mear men rjocht hie op de 'grasinge of koeganck' yn it mienskar, dat sda'n 600 [[pûnsmiet]] grut wie. Neist de einekoai op de Gytsjerksterhoek wie de tagong en as de kij molken wienen, dan wachten de boeren ornaris op elkoar om dêrnei meiïnoar op hûs oan te gean.
 
== Tsjerke ==
Gytsjerk hat de âdste tsjerke fan Trynwâlden. De tsjerke út it begjin fan de [[12e ieu]] is wijd oan de hillige Martinus. It romaanske gebou is oplutsen út Dútse [[dowestien]. De súdmuorre is net orizjineel omdat der yn de [[19e ieu]] grutte finsters yn setten binne. De hege romaanske ramen binne tichtmitsele. Oant midden 19e ieu stie oan de súdkant fan de tsjerke in toer, meastentiids stiene tuorren oriïntaals. De nijboude westgevel krige yn de 19e ieu it tuorke.
De koersluting hat in rûne bôge mei reade sânstienen muorrepylderkes. De meubels komme út de [[17e ieu]]. Doe't de preekstoel yn [[1937]] ferbaarnde is der in nijenien makke troch timmerfeint Bottema.
=== rouboerden ===
Oan de muorren hingje trije [[rouboerd]]en. Benammen begoedige lju, faak fan adel, krigen destiids nei harren dea sa'n boerd at se in soad foar tsjerke dien hienen. De boerden binne oantinkens oan de bewenners fan it eardere lângoed ‘Buitenlust’ dat eartiids oan de súdkant fan Gytsjerk oan de singel lei.
It âldste boerd is dat fan Franciscus Frisius († 1744, 84 jier âld), advokaat by it Hof fan Fryslân en “Gecommiteerde Staat ten Landdage”. It middelste boerd betreft Cornelius Fransiscus Frisius, († 1762, 68 jier âld), abbekaat en âld-rekkenmaster en Ried yn de froedskip fan de stêd Ljouwert. It rjochtse boerd is fan Frederik Willem fan Meyers, “Brigadier van de Infanterie ten dienste van de Staat der Verenigde Nederlanden. Colonel en Commandant van het Lijfregiment van Sijne Hoogheyt den Heere Prinse van Oranje etc…etc. Capitein van een Compagnie Infanterie beneffens Ridder van de Generositeit. Oudt in zijn 57sten jaar. Overleden ten 22 Septembris 1742”.
 
De klok yn de toer wie fan 1809. is troch de Dútsers meinomd, yn 1948 is der in nijenien komd.
 
It jûnsmielsulver is yn 1650 jûn troch Sytske Sjoerda, widdo fan Tinco van Andringa. It span wenne op Sjoerda-State, in bûtenplak dêr't net folle oer bekend is. Op de beker stiet: “Sitske Mennes Siorda, wed. v.w. T. van Andringa, Grietman van Uittingeradeel heeft deze beker en drie silveren schûtelen vereerd aan de gereformeerde gemeente Christi tot Giekerk”. En dêrûnder stiet: ”Oldste kerkvoogd sinds H. van Jepema, Raed.-Ord. In den Hove van Frieslandt, haar schoonzoon”. Yn de [[20e ieu]] hat in goudsmid fan Ljouwert in twadde beker makke mei de tekst: “Deze beker is een gift van het Diacinifonds van Giekerk door bemiddeling van den Wel.Gestr. Heer Mr. C. F. G. Rinia van Nauta en deszelfs echtgenoote W. H. van Heemstra terwijl P. van Kleffens predikant, K. Bloemhof ouderling en W. F. de Vries diaken dezer gemeente waren. -1858".
 
== Mienskip ==