Atomêre massa-ienheid: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
kategory en staverinkjes
Aliter (oerlis | bydragen)
L molekule
Rigel 1:
De '''atomêre massa-ienheid (u)''', of '''dalton (Da)''', is in ienheid om de atomêre massa fan in [[atoom]] of [[molekúlmolekule]] oan te jaan. It is likernôch de massa fan in [[wetterstof]]atoom, fan in [[proton]] en fan in [[neutron]]. De ienheid is sa keazen dat de massa fan in atoom (yn '''u''' of '''Da''') sa goed mooglik it tal [[kearndieltsje]]s ([[proton|protoanen]] en [[neutron|neutroanen]]) oanjout. De atomêre massa-ienheid wykt in lyts bytsje ôf fan de wiere massa fan in tal kearndieltsjes, mar dy ôfwiking is sa lyts, dat by ôfrûning de massa yn '''u''' lyk is oan it tal kearndieltsjes.
 
== Definysje ==
Rigel 11:
Yn de [[biology]] wurdt faaks de beneaming ''dalton'' brûkt.
 
De atomêre massa-ienheid hat ek in ferbân mei de ienheid [[Mol (Ienheid)|mol]]. As de dieltsjes fan in stof 1 atomêre massa-ienheid as massa hawwe, betsjut dat dat ien mol fan dy stof in massa hat fan 1 gram. As de dieltjes 2 u as massa hawwe, dan hat ien mol fan dy stof in massa fan 2 gram. En sa fierder.
 
== Sjoch ek ==
*[[Mol (Ienheid)]]
 
[[Kategory:Natuerkunde]]