Van Starkenborghkanaal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 6:
Yn de [[1930-1939|jierren tritich]] fan de [[20e ieu]] is it "grutte [[kanaal (wetterwei)|skipfeartkanaal]] fan 27 kilometer fan [[De Lemmer]] nei Grins" oanlein, it hjoeddeiske [[Prinses Margrietkanaal]] en it Van Starkenborghkanaal. It Van Starkenborghkanaal is fan Súdhorn oant de [[Oostersluis]] nij oanlein. It gedielte fan Fryske grins oant [[Súdhorn]] is it ferbrede [[Hoendiep]].
 
Yn novimber [[1938]] is it kanaal offisjeel yngebrûk steld troch [[Wilhelmina fan de Nederlannen|keninginne Wilhelmina]]. Ta gelegenheid hjirfan is in plakette oanbrocht op ien fan de brêgen by de Oostersluis. It kanaal is neamd nei de (âld]]) [[Kommissaris fan de Keninginne]] [[Edzard Tjarda van Starkenborgh Stachouwer]].
 
It Van Starkenborghkanaal is 27 [[kilometer|km]] lang en hat twa [[skutslûs|slûzen]]. Op de [[wetterskieding]] fan it [[Frysk Simmerpeil]] en it [[Elektrapeil]] leit de slûs fan [[Gaarkeuken]], ter hichte fan [[Grijpskerk]]. Op de grins fan it Elektrapeil en it [[peil]] fan it Iemskanaal (it Winschoterpeil) leit de [[Oostersluis]] yn de stêd Grins.