Kristus-Ferlosserkatedraal (Moskou): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 3:
De '''Kristus-Ferlosserkatedraal''' (Russysk: Храм Христа Спасителя, Chram Chrysta Spasitelja) is in [[Russysk-Otterdoks]] godsgebou oan de rivier de [[Moskwa]], jusjes in eintsje westlik fan it [[Kremlin]] yn [[Moskou]], [[Ruslân]].
 
It hjoeddeiske tsjerkegebou is in kopy fan de yn [[1931]], yn opdracht fan [[Stalin]], opblaasde katedraal. Dizze moast ferdwine yn it ramt fan Stalin's weropbou fan Moskou. Alle godstsjinten wiene troch de Kommunistyske Partij ferbean en sadwaande wie der gjin plak mear foar "nutteleaze" tsjerken en kleasters. Op it lege boustee fan de opblaasde kathedraal woe Stalin yn de jierren tritich in ûnbiedich heech bouwwurk delsette fan wol 315 meter, dêr't boppenop in 100 meter heech byld fan [[Lenin]] komme moast. Dit moast de einoerwinning fan it Kommunisme symboalisearje. Lykwols koe dit dryste bouplan fan it ''Paleis fan de Sowjets'' sa't it neamd waard, nèt útfierd wurde om't de ûndergrûn der nèt gaadlik foar wie. Dat sadwaande hat men fan need mar besletten op dat steed in mânsk gemeentlik swimbad oan te lizzen, dat troch de Moskovieten brûkt is oan't 1993 ta.
 
De foarste ferzje fan de katedraal waard boud tusken [[1839]] en [[1883]]. Mei in hichte fan 103 meter wie it troch [[arsjitekt]] Konstantin Thon ûtworpen gebou it heechste fan Moskou yn dy tiid. De reden fan de bou wie de betinking fan it feit dat de Russyske stêd him ûntdien hie fan it leger fan [[Napoleon Bonaparte]].