Karel de Keale: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 1:
Ik ben Frank en hou van voetbal :)
[[Ofbyld:Carlo calvo.jpg|200px|thumb|right|''Karel de Keale''(út syn paslamboek)]]
'''Karel de Keale''' (Frans: ''Charles le Chauve'') ([[Frankfurt am Main]], [[13 juny]] [[823]] - [[Avrieux]] ([[Savoye (lân)|Savoye]]), [[6 oktober]] [[877]]) wie kening fan [[West-Frânsje]], it westlik diel fan it [[Frankyske Ryk|Frankyske Ryk]].
 
==Skiednis==
Karel de Keale waard berne yn [[Frankfurt am Main|Frankfurt oan de Main]] as jongste soan fan keizer [[Loadewyk de Fromme]], de ienige út dy syn twadde houlik, mei [[Judith fan Beieren]]. By it [[Ferdrach fan Ferdun]] ([[14 febrewaris]] [[843]]) erfde hy it westlike gedielte fan it troch syn pake [[Karel de Grutte]] opboude [[Frankyske Ryk]]. Karels gebiet lei ten westen fan de rivieren [[Skelde]], [[Maas]], [[Saône]] en [[Rhône]]. It waard omskreaun as [[West-Frânsje]] of ''West-Frankenlân''. Dêrmei wurdt hy beskôge as de earste kening fan [[Frankryk]], hoewol't [[Hugo Capet]] faaks in gebrûkliker en bettere kar wêze soe, omdat der yn Karel syn tiid noch net echt sprake is fan in Frânske of Dútse nasjonale identiteit dy't de polityk bepaalt.
 
Karel hie syn erfenis net sûnder stjit of slach krigen. Syn healbruorren [[Loadewyk de Dútser]] en [[Lotarius I|Lotarius I]] moasten nei de dea fan Loadewyk de Fromme yn [[840]] bestriden wurde. Yn [[842]] sluet hy mei Loadewyk de Dútser de [[Eed fan Straatsboarch]] tsjin Lotarius.
 
Yn [[860]] besocht Karel om'e nocht de besittings fan de soan fan Lotarius [[Karel fan Provence]] te feroverjen, mar waard ferslein. Karel krige nei de dea fan Lotarius syn opfolger, [[Lotarius II|Lotharius II]] fan [[Lotaringen (Frankryk)|Lotaringen]], yn [[870]] ([[Ferdrach fan Meerssen]]) ek noch in diel fan dy syn [[Midden-Frânsje|Middenryk]].
 
Op [[25 desimber]] [[875]] waard hy troch paus Johannes VIII ta Roomsk [[keizer]] kroane en soe dat oant syn dea yn [[877]] bliuwe.
 
Karel de Keale troude yn [[843]] mei [[Ermentrudis fan Orléans]] en yn [[870]] mei [[Richildis fan Provence|Richildis]], dochter fan [[Bivinus fan Metz]], beiden út Frankyske huzen. Twa fan syn bern út it earste houlik oerlibben him: [[Loadewyk de Stammerder]], dy't him opfolge, en [[Judith fan West-Frânsje]].
 
Judith waard om krysttiid [[861]] yn [[Senlis (Oise)|Senlis]] skaakt trocxh de earste greve fan Flaanderen, [[Boudewyn I mei de Izeren Earm|Boudewyn I mei de Izeren Earm]]. Fermoedlik flechten se nei it [[Kastiel fan Rumbeke]], letter fia [[Lotaringen (Frankryk)|Lothringen]] sels nei Rome. Hy boaske har in jier letter yn [[Auxerre]], nei tuskenkomst fan de paus, en lei dêrmei de grûnslach fan it [[Greefskip Flaanderen]].