Sint-Jânsgea: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling fan nl:
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 15:
It foarmet eins in twillingdoarp mei [[Rotsterhaule]]. De doarpen wurkje dan ek gear mei skoallen, tsjerken en ferienings. Sint Jansgea is neamd nei de tsjerke fan it doarp, dy't wijd is oan de hillige Johannes. Dizze tsjerke stiet hjir al jierren net mear.
== Feanôfgraving ==
Yn it gebiet is yn it ferline in soad [[Fean (grûnsoarte)|fean]] ôfgroeven, dit waard as [[Turf (brânstof)|turf]] ferskippe. It gebiet waard slim wiet en strûpte by min waar hielendal ûnder wetter, it waard it Unlân neamd. De [[polder]] is lykwols droechmewalddroechmeald troch fjouwer mûnen, de lêst oerbleaune mûne is troch de befolking rêden fan de sloop: [[De Hersteller (Sint Jansgea)|De Hersteller]].
De Hersteller bestie yn 2007 150 jier. By dy gelegenheid is in jubileumboek útkaam. De mûne waard yn 1857 boud om de polder droech te hâlden. Yn de jierren santich fersutere de mûne en doe is er yngreven opknapt.
 
== Bakkers ==
Hoe't it komt is net rjocht dúdlik, mar sa'n 40 à 50 jier ferlyn wennen en wurken oan de Streek yn it twillingdoarp wol tsien ferskillende bakkers. Ta in brea-oarloch is it net komd. Krekt oarsom, se organisearren har yn in [[ynkeapferiening]] en ien kear jiers gienen se mei harren froulju in dei oderop út. De measte fan dy bakkerijen bine yn de jierren sechtich ferdwûn, mar de saken dy't oerbleaunen binne útgroeid ta grutte bedriuwen. It koekefabryk fan Sint Jansgea, [[Wieger Ketellapper]] (ûnderdiel fan [[Keninklike Peijnenburg B.V.]]), is bekend in hiel Nederlân, krektas it roggebreafabryk fan Van Dijk en yn Rotsterhaule it koeke- en [[pipernuten]]fabryk fan Modderman.