George Harrison: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
ik haw de stavering hifke
Rigel 5:
Harrison waard berne yn it Ingelske [[Liverpool]]. Neffens eigen sizzen wie hy berne op [[24 febrewaris]], mar op syn bertebewiis stiet lykwols 25 febrewaris as bertedatum.
 
Syn muzikale wurkpaad begûn op skoalle dêr't hy yn de band '[[The Quarrymen]]' spile, mei syn freonen [[John Lennon]] en [[Paul McCartney]] en dy't him by Lennon yntrodusearre. Mei Paul, John Lennon, [[Stuart Sutcliffe]] en [[Pete Best]] (letter ferfongen troch [[Ringo Starr]]) foarme hy yn [[1959]] de band '[[Silver Beatles]]', dêrnei de Beatals en yn [[1960]] feroaren se de namme yn 'The Beatles' en waarden frege yn Dútslân op te treden. Dat wie it begjin fan de suksesstorysúksesstory fan de groep dy't tsien jierren duorre hat.
 
As komponist waard hy binnen de Beatles neffens eigen sizzen noait hielendal erkend, ûndersnijd as er waard troch it gruttere suksessúkses en de dominansjedominânsje fan it koppelkeppel Lennon-McCartney. Pas inyn [[1969]] waard Harrison troch kritisy muzikaal op deselde line steld mei Lennon en McCartney nei it ferskinen fan de elpee ''Abbey Road'' wêrop syn komposysjes ''Something'' en ''Here Comes The Sun'' stean. Mar doe wie de ynbring fan de oare twa Beatles al minder wurden.
 
==Solocarrière Solokarrière ==
Yn novimber [[1968]] waard de earste soloplaat fan Harrison útbrocht ûnder de titel ''Wonderwall Music''. In jier letter ferskineferskynde ''Electronic Sounds'' wêrop Harrison mei de moog synthesizer eksperimintearre. Neidat McCartney de Beatles yn april [[1970]] ferlitten hie gong elkenien syn eigen paad. Harrison set útein mei in solokarriêre Noch yn 1970 ferskine syn tredde album ''All Things Must Pass'', mei dêrop de grutte hit ''[[My Sweet Lord]]''. It is fuort in trijedûbel album: it is dúdlik dat Harrison hearre litte wol wat hy al dy jierren net kwyt koe op de Beatles-albums. 'All Things Must Pass' is in klassyk album fan de jierren 70. Neffens de measten soe hy letter, kwalitatyf besjoen, dat album ek net mear oertreffe.
 
As earste eks-Beatle makke hy yn [[1974]] in toernee troch de Feriene Steaten. Syn ynteresse foar easterske spiritualiteit brocht him oan de fuotten fan fan Yndiaaske goeroes en dat hie syn wjerslach op de muzyk dy't hy komponearekomponearre. Mids jierren 60 bygelyks ferwurke hy al easterske ynstruminten lykas de [[sitar]] yn nûmers fan de Beatles (Lennons ''[[Norwegian Wood (This Bird Has Flown)]]'' (1965) en syn eigen ''[[Love You To]]'' út 1966). Letter tredtrede er op mei de Yndiaaske musikus [[Ravi Shankar (musikus)|Ravi Shankar]].
 
Nei de moard op John Lennon yn [[1980]], makken de oare Beatles yn [[1981]] as earbetoanearebetoan oan him mei inoar it nûmer it ''All Those Years Ago'', dat in hit waard yn de [[Ferine Steaten]]. It nummernûmer is skreaun troch George Harrison en stiet op it album ''Somewhere in England''.
 
''Cloud Nine'' is in comeback album foar Harrison. Mei ''Got My Mind Set on You' en 'When We Was Fab' keart hy werom yn de heechste regionenregioanen fan de hitparade.
 
Ein jierren 80 hat Harrison in protte suksessúkses as foaroansteand lid fan de band [[Traveling Wilburys]]. Dizze band makke twa albums mar stoppet troch it ferstjerren fan [[Roy Orbison]], in oar wichtich bandlid.
 
Yn 2002 ferskine nei syn dea, syn lêste album ''Brainwashed''. It album is troch syn soan [[Dhani Harrison]] ôfmakke en ûntfong lovende kritiken.
 
Op 29 novimber 2002, in jier nei dat George Harrison ferstoarn wie, waard der yn de [[Royal Albert Hall]] in spesjaal konsert houdenhâlden as earbetoanearebetoan oan Harrison. Under oaren Paul McCartney, Ringo Starr, [[Eric Clapton]], Ravi Shankar en [[Billy Preston]] spilespilen dy jûn songs fan Harrison. Yn 2003 waard dat konsert útbrocht op KD en DVD ûnder de titel ''The Concert For George''.
 
Op 14 april 2009 waard Harrison eare mei in stjer op de ferneamde [[Hollywood Walk of Fame]].
 
== Oare projekten ==
Harrison stie bekend as de wat ferlegen [[filosoof]] fan de groep, dy't ek belangstelling hie foar oare dingen as de muzyk. Sa sette hy him yn as organisator fan in benefytkonsert foar de slachtoffers fan de grutte oerstreaming yn [[BangladesBangladesj]], wie gastmusikus en die mei oan in oantal spylfilms. Yn [[1979]] produsearre hy de [[Monty Python]]-film ''[[Life of Brian]]''.
 
== Ferstjerren ==
George Harrison troude twa kear, op [[21 jannearis]] [[1966]] mei [[Pattie Boyd]], de lettere frou fan Harrison syn freon [[Eric Clapton]], fan wa hy op [[9 juny]] [[1977]] skiede, en op [[2 septimber]] [[1978]] mei [[Olivia Arias]], mei wa't hy in soan hie. Yn [[1998]] waard bekend dat hy behannele wie foar kielkanker en in jier letter, op [[30 desimber]] [[1999]] betrape hynhy in ynbrekker yn syn eigen húshûs dêr't hy stekwûne en in [[klaplong]] oprûn. Op [[9 july]] [[2001]] makke Harrison bekend dat er opnij [[kanker]] hie en yn [[Switserlân]] bestriele waard. Op [[29 novimber]] [[2001]] lang om let ferstoar hy yn [[Los Angeles]] oan de gefolgen fan syn sykte.
 
== Soloalbums ==
=== Albums ===
*''Wonderwall Music'' (1968)
*''Electronic Sound'' (1969)
Rigel 52:
*''Brainwashed'' (2002)
 
=== Singles ===
* ''My Sweet Lord'' (1970)
* ''What is life'' (1971)
Rigel 64:
== Keppeling om utens ==
*{{en}}[http://georgeharrison.com/ GeorgeHarrison.com] — Offisjele side
 
 
 
[[Kategory:Muzyk]]