Oentsjerk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: de:Oentsjerk - oars: en:Oentsjerk
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
De states op in rychje
Rigel 9:
Yn it eastlik part fan de himrik ûntstie yn de 19e en 20e ieu in aparte buorskip, sûnt [[1948]] it selstannige doarp [[Mûnein]].
 
== Doarp fan States ==
==Ferskaat==
Yn it ferline telde Oentsjerk fiif states. Fan dizze fiif binne der noch twa folslein yntakt en yn it park fan in tredde stiet it moderne âlderein-kompleks [[Skewiel]]. Fan de oare beide binne allinnich in strjittenamme en in pleats op it stee werom te finen.
 
De [[state|states]] binne:
* [[Stania State]]: In moai slagge foarbyld fan in Fryske [[state]], steand yn it skildereftige Stania-park oan de Rengerswei (it diel fan de Rengerswei dat ôfsplitst fan de [[Provinsjale wei 361| N361]]. Yn Oentsjerk is de Staniasingel nei dizze state ferneamd.
* [[Unia State Oentsjerk| Unia State]] (Net betiizje mei [[Unia State]] [[Bears (state)|Bears]]): Wyt lânhûs dat brûkt waard as doktershûs. Hoeke Dokter Kylstrawei / Rengerswei. De Uniasingel is nei dizze state ferneamd.
* [[Heemstra State]]: Ofbtrutsen. Yn it Heemstra park stiet it âldereinkompleks [[Skewiel]] (foarhinne Nij Heemstra State). It Heemstra park leit oan de Rengerswei en dielt Oentsjerk yn twa dielen. De Heemstrasingel is nei dizze state ferneamd.
* [[Andringa State]]: Ofbrutsen. It hat sawat stien op de hoeke Rengerswei / Wynserdyk (dêr't no de eardere [[Friesland Bank]] stiet).
* [[Eijsinga State]]: Ofbrutsen. As men oer de Rengerswei Oentsjerk útrydt en de [[Provinsjale wei 361| N361]] (dy't yn Oentsjerk Rengerswei hjit) rjochting [[Dokkum]] ferfolget, sjocht men skean foar [[Stania State]] oer in lytse pleats. Op dit stee stie de [[Eijsinga State]]. Yn Oentsjerk is gjin strjitte nei dizze [[state]] ferneamd, mar yn it tichtby lizzende [[Aldtsjerk]] leit it Eijsingapaad, in smelle wei dy't út de rjochting fan Oentsjerk nei de súd-east kant fan Aldtsjerk rint.
== Ferskaat ==
*Yn Oentsjerk sit in ôfdieling fan PTC+.
 
== Keunst ==
Yn Oentsjerk stiet sûnt [[1986]] yn stânbyld fan [[Tryntsje-muoi]] en har sân soannen, makke troch [[Annet Haring]].
 
== Mienskip ==
Oentsjerk hat gjin doarpshûs, mar wol in feriening foar Doarpsbelang. De skoallen fan it doarp hjitte De Opstap en De Paadwizer. De Koeketromp is de doarpskrante.
 
=== Ferienings ===
* Kuorbalferiening [[DFD]]
Line 33 ⟶ 44:
* [[1913]] - 1.197
* ±[[1845]] - 720
 
== Strjitten ==
Andringasingel, De Dobbe, De Finne, De Greide, De Ikker, De Jister, De Kamp, De Mieden, Dokter Kijlstrawei, Douweleane, [[Frisiastate]], Heemstrasingel, Hofwegen, [[Jan de Wit]]tstrjitte, Rengerswei, Sanjesreed, Staniasingel, Uniasingel, Van Haersmasingel, [[Wyns]]erdyk.
 
== Keppeling om utens ==
*[http://www.tietjerksteradeel.nl/ Webstee Tytsjerksteradiel]
*[http://www.oentsjerk.nl/ Webstee Oentsjerk]
 
{{Koördinaten|53_15_12_N_5_53_54_E_type:city_zoom:14_region:NL|53° 15' NB, 5° 54' EL}}