Greefskip Hollân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - derby: zea:Graefschap 'Olland
Xqbot (oerlis | bydragen)
Rigel 2:
It '''greefskip Hollân''' wie in [[greve|greefskip]], dêr't de grinzen fan likernôch oerienkomme mei de tsjintwurdige provinsjes [[Noard-Hollân|Noard-]] en [[Súd-Hollân]] sûnder de [[Súd-Hollânske eilannen]] mar mei de eilannen [[Skylge]], [[Flylân]], [[Urk]] en [[Skoklân]], dy't lykwols letter oerhevele binne nei oare provinsjes.
 
== Skiednis ==
=== Karolingyske tiid ===
It [[Frankyske ryk]] wie ûnder de [[Karolingers]] ûnderferdield yn [[Goa]]ën, dy't yn it [[Latyn]]sk ek wol [[Pagus (Romeinsk)|pagus]] neamd waarden. Guon fan dizze pagi waarden ''comitatus'' neamd, alhoewol't dat ek wol barde foar ôfsunderlike goaën. San gebiet waard troch in ''comes'' bestjoerd, in [[goagreve]] dy't troch de kening beneamd waard en troch him ek wer ôfsetten wurde koe. Dêrom stribje dizze lienmanlju nei erflikens fan harren funksje, wat stadichoan ek de regel waard en yn [[877]] legalisearre waard troch de [[Kapitulare fan Kwierzy]]. De macht fan de kening naam hjirtroch grif ôf en dy fan de greven ta.
 
Op it ein fan it bewâld fan de Frankyske kening [[Lodewyk de Fromme]] wie de keninklike macht troch oanhâldende ynfallen fan de [[Wytsingen]] en tsiere fan Lodewyk mei syn soans ferswakke. Nei de dea fan Lodewyk beliende syn soan [[Lotarius I]] de Deenske bruorren [[Rorik]] en [[Harald]] mei ''[[Fresia]]'' yn in poging de oanfallen fan de Wytsingen tsjin te hâlden. Dêrtroch naam de macht fan de goagreven fierder ôf. Sy moasten gearwurkje mei de Denen, mar yn [[885]] kaam der alwer in ein oan de Deenske oerhearsking troch de moard op [[Godfried de Wytsing]], wêr [[Gerolf]], ''comes Fresonum'', de hân yn hie. As beleanning krige hy op [[4 augustus]] [[889]] grutte besittings yn lien tawezen troch Eastfrankyske kening [[Arnulf fan Karintië|Arnulf]] en ek krige hy goederen yn fol eigendom. It gong om in gebiet bûten syn eigen greefskip [[Teisterbant]], dat bestie út in oantal boerepleatsen en húzen yn únder oare [[Tiel]], [[Aalburg]] en [[Asch]]. Dêrnjonken gong it om in gebiet yn syn eigen greefskip dat bestie út in bosk en boulân, lein tusken de mûning fan de âlde [[Ryn]] en (nei alle gedachten) [[Bennebroek]], ''Suithardeshaga''.
 
Yn [[985]] joech kening [[Otto III fan it Hillige Roomske Ryk|Otto III]], op fersyk fan syn mem [[Theophanu]] in oantal gebieden yn eigendom (''proprium'') oan greve [[Dirk II fan Hollân|Dirk II]] dy't hy earder yn lien (''beneficium'') krigen hie. Dit wie it gebiet tusken de rivieren ''Liora'' (Lier) en ''Hisla'' ([[Hollânske IJssel]]) - [[Masalân]] -, ''[[Zonnemaire|villa Sunnimeri]]'', it gebiet tusken de rivieren ''Medemelaka'' en ''Chinnelosara gemerchi'' - [[Kinmerlân]] - en [[Teksla]].
 
=== Nammejouwing ===
It greefskip Hollân krige syn namme fan de eartiidske greve [[Durk V fan Hollân|Durk V]] doe't hy syn gebiet Hollân neamen gie en it brûken fan de namme Fryslân stadichoan ophâlde. Neffens de oarkonden wie dat yn it jier [[1076]]. Nei alle gedachten wie der in nije namme nedich omdat it gebiet ûnder ynfloed fan grutte natuerrampen, lykas de [[wettersneed|wettersneden]] en de foarfêste foarming fan de Sudersee, stadichoan net mear in geografyske ienheid foarme mei de tsjintwurdige provinsje [[Fryslân]].
 
Al gau neame de earste boarnen it greefskip Hollân yn ien namme mei [[Seelân]]. Wierskynlik moat it apart neamen fan Seelân oantsjutte dat dit gebiet as in aparte ienheid beskôge waard. Al hat Seelân eins nea in eigen greefskip foarme.
 
== Oare greefskippen ==
Hollân hat in skoft in personiele uny foarme mei de greefskippen [[greefskip Henegouwen|Henegouwen]] en [[greefskip Seelân|Seelân]]. Yn [[1299]] waard dit útwreide mei [[West-Fryslân]]. Yn dat lêste jier naam de greve [[Jan II fan Hollân]] ek de titel oan fan hear oer West-Fryslân. De Fryske befolking yn dit gebiet wie in de jierren dêrfoar al ûnderwurpen oan it gesach fan de Hollândse greve [[Floaris V fan Hollân|Floaris V]]. Fermoedlik wie it gesach broazelich en om de befolking net te folle yn it harnas te jeien waard hjirmei it ôfsûnderlike karakter fan dit gebiet ûnderstreke.
 
== Ein fan it greefskip ==
It greefskip Hollân en West-Fryslân wie in greefskip dat diel útmakke fan it [[Hillige Roomske Ryk]]. Yn [[1346]] kamen dizze greefskippen yn besit fan it saneamde Hûs fan [[Beieren]], oan't [[Jacoba fan Beieren]] yn [[1428]] by de [[Soen fan Delft]] twongen waard har besit ôf te stean oan de [[Hartochdom Boergonje|Boergonjers]]. Under keizer [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]] makke it greefskip diel út fan de [[Santjin Provinsjes]]. Yn [[1581]] waard de Spaanske kening syn titel fan [[Greve fan Hollân en Seelân|Greve fan Hollân]] ûntnommen ([[plakkaat fan Verlatinghe]]).
 
== Sjoch ek ==
* [[Greve fan Hollân en Seelân|list fan Hollânske greven]].
 
Rigel 28:
 
[[ca:Comtat d'Holanda]]
[[noen:GrevskapetCounty of Holland]]
[[nl:Graafschap Holland]]
[[no:Grevskapet Holland]]
[[ro:Comitatul Olanda]]
[[ru:Графство Голландия]]
[[th:อาณาจักรเคานท์แห่งฮอลแลนด์]]
[[zea:Graefschap 'Olland]]