Ried fan de Fryske Beweging: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Esv (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: an:Ried fan de Fryske Beweging; tekstwiziging
Rigel 6:
De stifting Ried fan de Fryske Beweging is oprjochte yn [[1945]] mei as doel om as [[Fryske beweging|Fryske bewegers]] nei it regear en de legere oerheden ta mei ien mûle te sprekken. Nei de oarloch libbe der in gefoel dat de ûnderskate bewegingsselskippen ('It Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse', It Kristlik Frysk Selskip, it Roomsk Frysk Boun en it Frysk Boun om Utens) har krêften bondelje moasten troch mei-inoar ûnder ien koepel gear te wurkjen en sa nei bûten ta mei ien mûle te sprekken. Ien fan de kearndoelen wie/is om de Fryske taal steviger wetlik te ferankerjen. It Nederlânske regear hie oant dy tiid foar it Frysk amper wat juridysk regele. De konstruksje fan in ried joech oan minsken de mooglikheid om har yndirekt, fia selskippen, of direkt te organisearjen. Njonken de oansletten selskippen koene minsken ek direkt stiper wurde fan de Ried. Ut de stipers koene bestjoersleden keazen wurde dy’t mei de fertsjintwurdigers fan de selskippen it riedsbestjoer foarmje. De lêste jierren is it tal oansletten selskippen útwreide sadat ûndersteande selskippen yn de Ried fertsjintwurdige binne.
 
== Gearstalling ==
 
De fertsjintwurdige selskippen binne:
Rigel 25:
Fierder hat de Ried inkele hûnderten stipers.
 
== Aktiviteiten ==
Yn de earste 50 jier lei de klam op it regeljen fan de formele rjochten fan it Frysk.
In pear fan de rjochten dy't troch it krewearjen fan de Ried no op papier steane, binne:
Rigel 34:
* it rjocht om offisjele akten yn it Frysk op te meitsjen (fan 2005 ôf).
 
== Untjouwing ==
Healwei de jierren 90 begûn de Ried him mear ta te lizzen op it befoarderjen fan it brûken fan it Frysk yn ynformele fermiddens. Dat stribjen is werom te finen yn tal fan projekten fan de Ried:
 
Rigel 52:
* plakkers foar op de doar
 
== Hjoed-de-dei ==
De hjoeddeiske Ried is te ferlykjen mei in konsuminte-organisaasje foar de Fryske taal en kultuer. Hy spant him yn foar minsken dy’t wat mear wolle mei it Frysk. De Ried ûnderhâldt kontakten mei oerheden, offisjele ynstânsjes, bedriuwen, ferienings en partikulieren.
Alhoewol’t der yn de measte gefallen fan it krewearjen fan de Ried net altyd wat yn de krante werom te finen is, binne de measten it der wol oer iens dat de status fan it Frysk de lêste desennia heger wurden is.
Rigel 71:
 
 
== Literatuer ==
[[Sj. van der Schaaf]], Skiednis fan de Fryske Beweging. [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] [[1977]].
 
== Keppeling om utens ==
* http://www.fryskebeweging.nl
* http://www.itnijs.nl
Rigel 83:
[[af:Raad van die Friese Beweging]]
[[als:Ried fan de Fryske Beweging]]
[[an:Ried fan de Fryske Beweging]]
[[ca:Ried fan de Fryske Beweging]]
[[en:Ried fan de Fryske Beweging]]