Patriotten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 10:
 
== De Prins ==
No akseptearren de steaten boargerbewapening. Yn Ljouwert en Dokkum waarden fuortendaliks frijkorpsen foarme neist de âlde skutterijen. De ferstânhâlding ûnder de Fryske patriotten waard der net beter op. Nei de frede mei Ingelân, doe't de steaten in ûndersykskommisje nei de kwoata ynstelden ([[4 maaie]] [[1784]]) foel it geheim kommitee útien, al bleau de ynsidintele gearwurking. De demokraten treden no selsstannich op. [[3 desimber]] [[1784]] fregen Ljouwerter boargers frije magistraatkeuze. [[12 jannewaris]] [[1785]] fergaderen ôffurdigen fan de frijkorpsen yn it Swart Krús. Men trof elkoar yn [[boargersoasjeteit]]en. [[De Fryske Patriot]] begûn te ferskinen. Fan [[6 oktober]] - [[5 novimber]] [[1785]] wie de prins yn Fryslân. Hy wenne trou de gearkomsten fan de deputearren by en ta syn gelok stienen de koppen fan de patriotten foar elkoar oer yn de striid om it grytmansamt fan Frjentsjeradiel, dy't J.C. Bergsma wûn. Tenei late hy de prinsgesinden. Oan de boargers fan Ljouwert beloofde hy in nij reglemint op it stedsbestjoer, wêrby't de prins de ferkiezing fan de magistraat hâlde soe ([[20 oktober]] [[1785]]). Hjirtsjin protestearre [[Hermannus Borgrink]], by de eedôflizzing wegeren ferskillenden ([[24 maart]] [[17761786]]).
 
== Frjentsjer ==