Skiednis fan Jeropa: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: nn:Europeisk historie; tekstwiziging
Rigel 1:
[[ImageOfbyld:Roman expansion 264 BC Shepherd.jpg|right|thumb|300px|De grutte fan it Romeinske Ryk tusken 264 f.Kr oant 180 nei Kr.]]
[[Ofbyld:Abraham Ortelius Map of Europe.jpg|right|thumb|300px|In kaart fan [[Jeropa]] yn 1595]]
Dit artikel jout in oersjocht fan de '''skiednis fan Jeropa''', dat wol sizze: fan de [[skiednis]] fan de minsk op it [[Jeropa|Jeropeeske]] kontinint. Dizze side omskriuwt it tiidrek fan de earste mins fan 35.000 f.Kr. oant de Jeropeeske Uny mei 27 lidsteaten.
 
== Prehistoarysk Jeropa ==
Neffens it trijeperioadesysteem, makke om de prehistoarje yn tiidrekken op te dielen, is de ferdieling fan de prehistoaryske tiidrekken sa:
* [[Stientiid]]
Rigel 9:
* [[Izertiid]]
 
=== [[Stientiid]] ===
==== Palaeolityk ====
''[[Homo erectus]]'' en de [[Neandertaler|Neandertalers]]s setten har rom foar’t de [[Minske|''Homo sapiens'']] der wie yn Jeropa ta wenjen. De bonken fan de earste Jeropeaan binne yn [[Dmanisy]], [[Georgje]] fûn en binne sa 2.000.000 âld. De ierste fynsten fan anotoamysk moderne minsken yn [[Jeropa]] binne fan 35.000 f.Kr. Bewiis fan permaninte bewenning datearret fan de 7e ieu f.Kr. yn hjoeddeisk [[Bulgarije]], [[Roemeenje]] en [[Grikelân]].
 
==== Neolityk ====
[[Ofbyld:European Late Neolithic.gif|thumb|Neolitysk Jeropa]]
 
It Neolitysk tiidrek is yn de 6e ieu f.Kr. yn Sintraal-Jeropa en yn ‘e 5e en 6e ieu yn Noard-Jeropa. Der hat gjin Jeropawide prehistoaryske kultuer west.
 
=== [[Brûnstiid]] ===
De earst skriuwende beskavings yn Jeropa wienen de [[Minoanen]] op it Grykske eilân [[Kreta]] en letter de [[Miseanen]] yn oare parten fan it hjoeddeiske [[Grikelân]] fan de 2e ieu f.Kr. ôf.
 
==== [[Kelten]] ====
 
Om 400 f.Kr. hinne, fersprate de [[La Tene-kultuer]] him oer in grut gebiet oan ‘e [[Middellânske See]] oant it [[Ibearysk Skiereilân]] ta, mingt mei oare folksgroepen foarmen hja de Keltiberyske kultuer. Letter wreidden hja har ek út nei [[Anatolia]]. Trochdat de Kelten gjin skrift hienen, is der net folle bekend oer dizze groep. De Romeinen kamen mei har yn ‘e kunde en it hat doe bliken dien dat de Kelten in sterke groep meiinoar foarmden, wylst har organisaasje tige min wie.
 
=== [[Izertiid]] ===
[[Ofbyld:BattleofIssus333BC-mosaic-detail1.jpg|thumb|[[Aleksander de Grutte]]]]
==== [[Alde Grikelân]] en de [[Balkan]] ====
Oan ‘e ein fan it Brûns tiidrek gongen de âlde Grykske keninkrykjes ûnder, folge troch de [[Grykske Tsjustere Ieuwen]] en it [[Klassike Grikelân]]. De Balkan hat yn it Izer tiidrek bewenne west troch it [[Paleo-Balkan talen|Palaeo-Balkan]] folk, lykas [[Trasiëns]] en de [[Yllirianen]]
 
==== [[Itaalje]] ====
Yn klassike [[Itaalje]] hawwe ferskate etnyske groepen wenne foar de Romeinske dominânsje. Net alle groepen wienen alike folle besibbe meiinoar. Guon hawwe [[Italyske talen]] praat, oaren wienen Hellentyske kolonisten dy't Gryksk praten, wylst oaren wer oare Yndo-Jeropeesk talen praten of somtiden sels hielendal oare talen.
 
==== Noard-Jeropa ====
Noard-Jeropa wie it wengebiet fan de [[Germanen]]; hjir kamen nei alle gedachten de Friezen ek wei. Tacitus wie ien fan de Romeinen dy’t in soad oer de Noard-Jeropeanen oan it begjin fan ‘e Kristlike jiertelling skreaun hawwe.
 
== Helleenske en Romeinske Ryk ==
[[Ofbyld:Europe map 220BC.PNG|thumb|Jeropa yn 220 f.Kr.]]
{{Apart|Romeinske Ryk}}
Rigel 44:
In protte saken by de Romeinen wienen oernaam út ‘e Helleenske kultuer. It waaksen fan [[Rome]] bûten it hjoeddeiske Itaalje hat it begjin west fan it Romeinske Ryk.
 
== Midsieuwen ==
{{Apart|Midsieuwen}}
 
[[ImageOfbyld:Europe 814.jpg|thumb|right|300px|[[Jeropa]], [[814]].]]
 
De Midsieuwen krigen harren namme (''mids-ieuwen'': tuskentiid) trochdat men dizze perioade yn de [[Renêssânse]] as in tuskenperioade seach. Us part fan’e wrâld wie ommers nei de fal fan de [[Romeinske Ryk|Romeinen]] ôfsnien fan de klassike kultuer en it kaam der letter pas wer mei yn oanrekking troch de krústochten; de Arabieren hienen in soad wurk fan de klassike skriuwers bewarre. [[Petrarca]] (sa. 1300) neamde dizze perioade de tiden fan ''tenebrae'' (''tsjusterens'') en sûnt 1469 waard benammen de term ''media tempestas'' (''tuskentiid'') brûkt. Pas yn de 17e ieu ([[Christoph Keller]] en [[Georg Horn]]) waard de term ''medium aevum'' (''Midsieuwen'') húsriem.
Rigel 53:
De term 'midsieuwen' is gildt fansels allinnich foar [[West-Jeropa]] nei de fal fan it Romeinske Ryk. fan it Westen. Yn [[East-Jeropa]] foel Konstantinopel earst yn de [[15e ieu]]. Dêrmei is der gjin tuskentiid tusken de ein fan de [[Aldheid]] en it begjin fan de Renêssânse. Foar oare parten fan de wrâld leit dy oergong tusken aldheid en nije tiid faak hielendal oars.
 
== Renessânse en Reformaasje ==
 
Fanwegen de efterútgong fan de [[Byzantynske Keizerryk|Byzantynske beskaving]], en de bedriging dêrfan troch de [[Turken]], gongen in soad Byzantynske gelearden nei it feiligere Itaalje en namen ek in soad kennis út de Aldheid mei dy’t yn [[Konstantinopel]] bewarre wie. Ek de plondering fan Konstantinopel troch de krúsfarders yn [[1204]] brocht neist in soad materiële bút ek in soad yn it westen ferlern giene kennis werom nei West-Jeropa. Dit op 'e nij yn 'e kunde kommen mei dizze antike literatuer, filosofy en kultuer yn it algemien wie in wichtige, geastlike, faktor ta it opkommen fan it [[Humanisme]] en de [[Renêssânse]].
Rigel 71:
Yn de 15e ieu, oan 'e ein fan de midsieuwen, woeks de macht fan guon monargyen lykas [[Frankryk]], [[Ingelân]] en [[Spanje]]. Oan de oare kant woeks ek de macht fan it parlemint yn it [[Poalsk-Letske Ryk]], dat rjochten oernaam fan de Poalske kening. Yn guon oare lannen waard de nije macht fan de steat oanfochten troch it parlemint. Nije lannen kamen op dy't gearwurking wienen fan territoriale hearskers, stêden, ridders en republiken.
 
== Revolúsje en kriich ==
=== Koloniale ekspânsje ===
Al dy oarloggen koenen de nije steaten der net tsjinhâlde om de wrâld te ûntdekke en te feroverje, benammen yn [[Aazje]] ([[Sibearje]]) en yn it krekt ûntdutsen [[Amearika]]. Yn de 15e ieu liede [[Portegal]] mei it geografyske ferkenne fan de wrâld, folgjend troch [[Spanje]] yn de iere 16e ieu. Hja wienen de earste steaten dy't út ein sette mei koloanjes yn [[Amearika]] en hannel stasjons oan de kust fan [[Afrika]] en Aazje, mar hja wienen gau folge troch [[Frankryk]], [[Ingelân]] en [[Nederlân]]. Yn [[1552]] feroveret de Russyske [[tsaar]] [[Ivan de Ferskriklike|Ivan IV de Ferskriklike]] [[Kazan]] en de [[Yermak Timofeyevich|Yermak]]'s reis fan [[1580]] hat ta it anneksearjen fan Sibearje ta [[Ruslân]] laat.
 
Rigel 79:
De ekspânsje hat de ekonomy fan lannen dy't koloanjes hienen fertuten dien. De oarloggen yn Jeropa wienen doe foar in grut part betelle fan ynkomsten út de koloanjes wei.
 
=== Ier moderne tiidrek: 16e, 17e en 18e ieu ===
De reformaasje hat tige wichtich west wat de ienheid fan Jeropa oanbelanget. Guon naasjes wienen alhiel of foar in part útinoar skuord troch it nije leauwen, yntern en fan frjemde legers. [[Frankryk]] bygelyks hat in tal oarloggen om it leauwen hân, ferneamd as de [[Frânske religy oarloggen]], dêr't it [[Hûs fan Bourbon]] it yn wûn. Yn [[Ingelân]] hienen hja ûnder [[Elizabeth I fan Ingelân|Elizabeth]] mear ienheid troch it Anglikaanske leauwen. In grut diel fan it hjoeddeistige [[Dútslân]] wie partsjen yn in grut tal lytse steaten en keningrykjes, meiinoar it [[Hillige Roomske Ryk]]. Oant de [[Tritichjierrige kriich]] wie religy it haadmotyf foar kriich, tenei soe nasjonalisme de basis foar konflikten yn Jeropa wurde. Allinich de [[Poalsk-Letske Uny]] wie tolerânsje fan religy akseptearre.
Oan it begjin fan dizze rite kaam kapitalisme yn it plak foar feuedalisme, lykwols allinnich yn it westlike part fan Jeropa. It útwreidzjen fan de koloniale grinzen resultearre yn in ekonomyske revoluusje. Yn de perioade woeks de moderne wittenskip en it tapassen fan fynsten op it technolysk mêd. Yberyske ferkennings yn 'e nije wrâld, dêr't [[Christopher Columbus]] mei út ein sette yn [[1492]], hienen al gau omtinken fan de [[Ingelân|Ingelsen]] en [[Frankryk|Frânsen]]. Dizze nije hannelsfoarmen efter de kimen frege om ynternasjonale ferdragen.
[[ImageOfbyld:Europe map 1648.PNG|thumb|Kaart fan Jeropa oan de ein fan de Tritichjierige kriich]]
 
Nie it [[Ferdrach fan Westfalen]] dy't einige yn de [[Tritichjierrige kriich]], waard [[Polityk absolutisme|Absolutisme]] de nije standerd op it kontinent. Jeropeeske militêre konflikten bleaunen en dat hie ynfloed op 'e Jeropeeske boargers. Yn it mear ûntwikkele noard-westen, joech de [[Tiid fan Ferljochting]] nije filosofyske mooglikheden, en wiidwiedich omtinken oan [[literatuer]], mei mooglik wurden troch de [[drukparse]], skoep nije sekulêre krêften yn beweging. Op 'en nij wie de [[Poalsk-Letske Uny]] in útsûndering, mei in unyk kwasy-demokratyske [[Gouden Frijheid]]
Rigel 90:
 
=== Frânske revoluusje ===
[[ImageOfbyld:Prise_de_la_Bastille.jpg|right|300px|thumb|It bestoarmjen fan de Bastille]]
{{Apart|Frânske Revolúsje}}
 
Rigel 110:
 
=== Kongres fan Wenen ===
[[ofbyldOfbyld:Kaart Jeropa nei Weensk kongres.jpg|thumb|Jeropa nei it [[Kongres fan Wenen]]]]
It [[kongres fan Wenen]] wie in konferinsje tusken fertsjinwurdigers fan de wichtichste Jeropeeske machten [[Prusen]], [[Eastenryk]], [[Ruslân]] en [[Ingelân]]. Doel wie it op 'e nij ferpartsjen fan it grûngebiet fan de Jeropeeske steaten. It waard holden yn [[Wenen]] fan [[1 oktober]] [[1814]] oant [[9 juny]] [[1815]]. Wylst Napoleon werom kaam, gongen de diskusjes gewoan fierder, en it akkoard waard úteinlik njoggen dagen foar de [[Slach by Waterloo]] tekene. Neffens it [[Ferdrach fan Parys]] fan maaie 1814 hearde frede mei Frankryk al net mear ta de mooglikheden.
 
Rigel 121:
Nei de Russysk-Ottomaanske kriich yn 1877 en 1878 soenen [[Roemeenje]], [[Servje]], [[Montenegro]] en [[Grut-Bulgarije]] ûnôfhinklik wurde. Der wie hast in kriich tusken Ruslân en Ingelân, meidat Ruslân tefolle macht krige hie yn East-Jeropa. [[Bismarck]] stelde út [[Kongres fan Berlyn]] út, dêr't lytsere lannen partsjen wurde soenen troch de grutte steaten fan Jeropa. Bismarck spile sa mei de grutte Jeropeeske steaten dat se gjin anty-koalysje tsjin Dútslân foarmje koenen. Sa koe Bismarck Dútslân tarêde op 'e Earste Wrâldkriich.
 
== Wrâldkriich en frede ==
=== Wrâldoarloggen ===
{{Sjochek|namme= Earste Wrâldkriich}}
 
Rigel 129:
Dútslân sette op 1 septimber 1939 útein mei de Twadde Wrâldkriich. Dútslân hie rige fan grutte militêre boppeslaggen oant 1943. Yn 1943 kaam de militêre delgong foar it Dútske Ryk. De [[Alliearden|Alliearde]] machten wûnen yn Noard-Afrika, en feroverden Itaalje yn 1943. Nei [[D-Day]] waard Frankryk yn 1944 ferovere. De Sowjetuny ferovere [[Berlyn]] yn de [[Slach om Berlyn]] yn maaie 1945, en mei it ferstjerren fan [[Adolf Hitler]] kaam de kriich yn 'e maitiid fan 1945 ta in ein. Meiïnoar stoaren sa'n 55 miljoen minsken yn de Twadde Wrâldkriich.
 
=== Kâlde kriich ===
{{Sjochek|namme= Kâlde Kriich}}
[[Ofbyld:Iron Curtain Final.svg|thumb|Lannen yn read hearden by it Warsjaupakt, lannen yn blau fan de NATO, Joegoslaavje en Albaanje wienen wol kommunistysk mar hearden net by it Warsjaupakt]]
Rigel 136:
Stadich begûn west-Jeropa mei in proses fan útwreiden politike en ekonomyske yntegraasje, lânngst nei in ferienigd Jeropa om in oare kriich foar te wêzen. Dat proses hat de bases lein foar organisaasjes as de [[Jeropeeske Uny]] en de [[Ried fan Jeropa]].
 
De [[Solidarność]] beweging yn de 80er jierren ferswakke it kommunistyske regear yn [[Poalen]]. De Sowjetlieder [[Mikhail Gorbachev]] wie de ynisjator fan de [[glasnost]] en [[perestroika]], dêr't de Sowjetynfloed yn Jeropa minder fan wurden is. Yn [[1991]] klappe de hiele Sowjetuny yninoar, dêr't 15 nije lannen út ûntstien binne, mei [[Ruslân]] dat de sitten fan de Sowjetuny yn de [[Feriene_NaasjesFeriene Naasjes#Feiligensried|Feiligensried]] fan de Feriene Naasjes oernommen hat.
 
Etnyske spanningen op de [[Balkan]] nei it ferstjerren fan Tito laten ta it útinoar fallen fan [[Joegoslaavje]]. Fjouwer naasjes ([[Sloveenje]], [[Kroaasje]], [[Bosnje]] en [[Masedoanje]]) fan de seis Joegoslavyske republiken ferklearden harsels ûnôfhinklik, mei kriich as gefolch, yn guon parten oant [[1995]]. De oare twa republiken foarmen de nije Joegoslavyske Republyk ([[Servje en Montenegro]]), mei [[Slobodan Milošević]] as haad fan de steat. Presidint [[Slobodan Milosevic|Milošević]] fan [[Servje en Montenegro]] late de kriich yn [[Kosovo]], yn 1999 waard er troch it ynternasjonaal gerjocht yn De haach oanklage foar oarlochsmisdieden en misdieden tsjin it minskdom.
Rigel 142:
Nei it kâlde-kriich tiidrek, besochten de NATO en de Jeropeeske Uny de bannen mei lannen út it âlde [[Warsjaupakt]] te fersterkjen.
 
=== Jeropeeske Uny ===
{{Sjochek|namme= Jeropeeske Uny}}
 
Rigel 181:
[[mk:Историја на Европа]]
[[mwl:Stória de la Ouropa]]
[[no:Europas historie]]
[[nl:Geschiedenis van Europa]]
[[nn:Europeisk historie]]
[[no:Europas historie]]
[[pl:Historia Europy]]
[[pt:História da Europa]]