Koreaansk Skiereilân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: sw:Peninsula ya Korea; tekstwiziging
Rigel 9:
Yn Noard-Korea wurdt it gebiet ''Chosŏn Pando'' neamden yn Súd Korea ''Han Bando''.
 
== Geografy ==
It Koreaansk Skiereilân bestiet foar 70% út bergen. De fruchtbere stikken lân binne relatyf lyts, en ferspried oer de rige bergen. Yn it noarden en it easte lizze de measte bergen. De heechste bergen (wêrûnder de [[Paektushan]]) binne 2744 meter heech. It skiereilân hat in totale kustlingte fan 8450 kilometer. Benammen de kustline yn it suden en it westen binne ûnregelmjittich. Hjir befine har de measte fan de 3579 eilannen dy’t by it skiereilân hjerre.
 
== Klimaat ==
It klimaat op it skiereilân ferskilt in protte. Yn de súdlike gebieten is it relatyf waarm en fochtich, te fergelykjen mei it klimaat fan [[Japan]]. Dit komt troch it waarme seewetter, wêrûnder de East-Koreaanske waarme golfstream. De noardlike regio’s binne kâlder en hawwe mear in lânklimaat, fergelykber mei it klimaat yn [[Mantsjoerije]]. Yn [[jannewaris]] kin it ferskil yn temperatuer tusken it noarden en it suden wol 20 graden selsius wêze.
 
It hiele skiereilân wurdt wol beynfloede troch in lyksoartige waarpatroan, wêrûnder de East-Aazjatyske [[moeson]] yn de [[simmer]] en de stoarmen yn de [[hearst]]. De [[winter]]s binne kâld, mei yn jannewaris yn de kâlde gebieten temperatueren ûnder de 0 graden selsius.
 
== Biology ==
Stúdzjes nei it Koreaansk Skiereilân hawwe liede ta de identifikaasje fan 3.000 soarten, wêrfan 500 endemyske. It floraryk hat rûchwei trije temperatuersônes. De waarme sônes lizze oan de súdkust en op de eilannen, wêrûnder ek [[Jeju-do]]. Hjir komme in soad breedblêderige plantesoarten foar. De normale temperatuersônes binne it meast foarkommend op it skiereilân, útsein de bergen en it suden fan it lân. Hjir komt de [[Koreaanske din]] in protte foar. De kâlde temperatuersônes lizze yn de bergen.
 
== Geology ==
De measte stienen op it skiereilân komme fan it [[Prekambrium]], mar der kinne ek isolearre gebieten wêze mei stienen út it [[Paleosoïkum]], [[Mesosoïkum]] en [[Senosoïkum]].
 
Rigel 27:
Relatyf sjoen fine der twa ierdskoddings yn it jier plak. Mar dizze hawwe gjin grutte gefolchen.
 
== Sjoch ek ==
*[[Korea]]
*[[Noard-Korea]]
Rigel 63:
[[sh:Korejski poluotok]]
[[sv:Koreahalvön]]
[[sw:Peninsula ya Korea]]
[[th:คาบสมุทรเกาหลี]]
[[uk:Корейський півострів]]