Diokletianus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - derby: scn:Diuclezzianu
Xqbot (oerlis | bydragen)
Rigel 2:
'''Diokletianus''', (Latyn: '''Gaius Aurelius Valerius Diocletianus''') ([[236]]- [[3 desimber]] [[316]]) wie [[List fan Romeinske keizers|keizer fan Rome]] fan [[20 novimber]] [[284]] oant [[1 maaie]] [[305]]. Hy wie in wichtige keizer dy't foaral bekend wurden is om syn bysûndere organisatoryske talinten. Under syn keizerskip waarden in protte aspekten fan it [[Romeinske ryk]] fernijd of opnij organisearre, lykas yn it leger, de provinsjes, it monetêre systeem en de belestingen.
 
== Opkomst ==
Berne as in [[Illyrje]]r út de lege stân, makke hy opgong ta [[konsul]]. Op [[20 novimber]] [[284]] waard hy troch it leger as keizer keazen om keizer [[Numerianus]] te ferfangen. Nei de moard op [[Karinus]] yn july [[285]] waard hy allinich-hearsker oer it [[Romeinske Ryk]].
 
== De Tetrargy ==
[[Ofbyld:Venice – The Tetrarchs 03.jpg|left|thumb]]
Diokletianus fûn dat der yn it Romeinske ryk in soad feroare wurde moast. Yn syn eagen wie it ryk fierstente grut om effektyf bestjoere te kinnen. Benammen troch ferskeidene ynterne konflikten en militêre drigingen oan de lange grinzen. Hy joech [[Maksimianus]] de titel fan ''[[Caesar (titel)|Caesar]]'', wat de tradysjonele wize wie foar in keizer (''[[Augustus (titel)|Augustus]]'') om syn opfolger oan te wizen. Lykwols joech hy Maksimianus de titel fan Augustus der by en dielde mei him de macht (Diokletianus yn it easten en Maksimianus yn it westen).
 
Yn beide ryksdielen kamen aparte haadstêden, de âlde haadstêd [[Rome]] wie der net by. Dêrtroch soe de ynfloed fan de Romeinske [[senaat]] hurd ferminderje.
Rigel 13:
Yn [[292]] wiisden Diokletianus en Maksimianus beide in Caesar oan (efter mekoar [[Galerius]] en [[Konstantius Kloarus]]). Dizze wienen lykwols net allinnich opfolgers - beiden krigen it ek foar it sizzen oer sawat elk in kwart fan it ryk. Dizze foarm fan regearen wurdt de [[Tetrargy]] neamd.
 
== Opfolging ==
[[Ofbyld:SPLIT-Hebrard overall color restitution.jpg|right|thumb|Paleis fan Diokletianus yn '''Split''']]
Op [[1 maart]] 305 kundige Diokletianus oan dat hysels en Maksimianus ôfgean soenen en op [[1 maaie]] opfolge wurde soenen troch harren Caesars. Dizze opfolgers soenen ek wer twa nije Caesars beneame. Nei de seremoanjes en doe't alles deromhinne regele wie, luts Diokletianus him werom nei syn paleis yn de omkriten fan [[Spalatum]] (it tsjintwurdige [[Split]]) oan de [[Adriatyske See]] en hâlde him sûnt dy tiid dwaande mei túnkjen. Hy wie de iennige Romeinske keizer dy't it keizerskip frijwillich opjoech.
 
== Keppeling om utens ==
*[http://www.roman-emperors.org/dioclet.htm {{aut|Ralph W. Mathisen}}, artikel oer Diokletianus (284-305), yn ''DIR'' (1996/1997), (Ingelsk).]
 
Rigel 46:
[[he:דיוקלטיאנוס]]
[[hr:Dioklecijan]]
[[hu:Caius Aurelius Valerius Diocletianus római császár]]
[[id:Diocletianus]]
[[is:Diocletianus]]
Rigel 57:
[[mk:Диоклецијан]]
[[ms:Diocletian]]
[[no:Diokletian]]
[[nl:Diocletianus]]
[[no:Diokletian]]
[[pl:Dioklecjan]]
[[pt:Diocleciano]]