Jehannes (apostel): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
'''Jehannes''' wie ien fan de tolve [[apostel]]en fan [[Jezus Kristus]] dêr't yn it [[Nije Testamint]] oer skreaun wurdt. Neffens de [[Bibel]] wie hy de soan fan fisker [[Zebedeus]] en de broerbruor fan [[Jakobus (apostel)|Jakobus]]. Sy waarden troch Jezus roppen om learling te wurden doe't Jehannes mei syn broerbruor harren fisknetten oan it spielen wienen (Markus 1:19-20); sy joegen hjir fuortendaliks gehoar oan.
 
==Skiednis==
Tegearre mei [[Petrus]] wienewienen Jehannes en Jakobus (skûlnamme ‘soanne fan de tonger’) de meast fertroulike learlingen fan Jezus. Sa wienen syhja ek op it wûnderlike momint op de berch doe't Jezus syn klean sa wyt as snie waarden en dêr't hy yn petear rekke mei de profeten [[Elia]] en Mozes (Markus 9:2-13).
 
Tradysjoneel wurdt Jehannes sjoen as skriuwer fan in oantal boeken fan it Nije Testamint, te witten: trije brieven, it [[apokalyps|apokalyptyske]] wurk ([[Iepenbiering fan Jehannes]]) en it wichtige nei him ferneamde [[Jehannes (evangeelje)|Jehannes evangeelje]]. Oer it generaal binne de [[teolooch|teologen]] fan betinken dat dizze skriften skreaun binne op 'e ein fan de [[1e ieu]] en dat it evangeelje net (hielendal) fan syn hân is mar troch ferskate (oare) skriuwers gearstald is.
 
[[Image:Tomb of St. John.jpg|right|thumb|250px|Grêf fan Jehannes yn [[Efeze]], [[Turkije]].]]
Neffens de kristlike tradysje binne Jehannes en [[Maria (mem fan)|Maria]] nei [[Efeze]] ferfard en dêr ek ferstoarn. Troch de histoarisy wurdt dêr lykwols oan twifeletwivele fanwege de âldens fan Maria. Yn alle gefallen hat it evangeelje [[Gryksk]]e ynfloeden en it kin dêrom net útsluten wurde dat Jehannes yn Efeze wenne hat. Fierders is er neffens de leginde troch de [[Romeinen]] ferband nei [[Patmos]] dêr't er syn boek [[Iepenbiering fan Jehannes|Iepenbieringen]] skreaun hawwe soe.
 
Op [[27 desimber]] wurdt Jehannes troch de Tsjerke feestlik betocht. Neffens de oerlevering wie [[Polykarpus]] fan [[Izmir|Smyrna]] in learling fan him.