Sealterfrysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: eu:Ekialdeko frisiera
Rigel 37:
Yn 'e [[Midsieuwen]] hearde al it gebiet fan 'e [[Nederlân|Nederlânske]] grins oant en mei it lân [[Wûrsten]], oan 'e eastkant fan 'e rivier de [[Weser]], ta it [[Eastfrysk|Eastfryske]] taalgebiet. Mar fan likernôch [[1500]] ôf binne alle Eastfryske dialekten útsein it Sealterfrysk útstoarn. It lêste oerlibjende dialekt bûten [[Sealterlân]] wie it [[Wangereagersk]], dat op it [[Waadeilannen|Waadeilân]] [[Wangereach]] sprutsen waard en dêr't de lêste sprekker fan kaam te ferstjerren yn [[1954]].
 
Der binne in stikmannich faktoaren dy't bydroegen hawwe oan it behâld fan it Sealterfrysk. Yn it foarste plak wie [[Sealterlân]] ieuwenlang relatyf isolearre fan fan 'e bûtenwrâld troch syn lizzing op in sâneilân middenmank ûnbegeanbere heechfeanmoerassen. De iennichste manear om it gebiet te berikken wie ornaris fia de [[Sealter Ie]] (Sealterfrysk: Seelter Äi), dy't der trochhinne streamt. Allinne winterdeis, as de moerassen beferzen wienen, koe men [[Sealterlân]] oer lân berikke.
 
Fierders gong de [[Yndustriële Revolúsje]] oan [[Sealterlân]] foarby en bleau oant yn dizze tiid in plattelânsgebiet. Wichtige middels fan bestean wiene oant likernôch [[1800]] hannel en skipfeart oer de Seelter Ie en dêrnei turfgraverij en yn it noarden houten skipsbou. Fan [[1900]] ôf waard lânbou op 'e kultivearre hege feanen fan belang.