Protestantisme: ferskil tusken ferzjes

L
Bot - derby: pdc:Brodeschdant; tekstwiziging
L (Bot - derby: pdc:Brodeschdant; tekstwiziging)
It '''Protestantisme''' is in streaming yn it [[Kristendom]], dy't bestiet út in ferskaat oan tsjerkegenoatskippen. Utsein de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] en de [[Eastersk-ortodokse Tsjerke|Easterske Ortodoksy]] is it Protestantisme de wichtichste streaming binnen it Kristemdom. It Protestantisme is ûntstien út de [[Reformaasje]], yn de [[16e ieu]], neidat in tal [[teolooch|teologen]] wêrûnder [[Maarten Luther]], [[Huldrych Zwingli]], [[Jehannes Kalvyn]] en de Fryske [[Menno Simons]] yn konflikt komd wienen mei de Roomsk-katolike tsjerke oer de kristlike lear en de tsjerklike praktyk.
 
== Skiednis ==
[[ImageOfbyld:Pope cartoon.jpg|thumb|Protestantske spotprint fan de [[Paus]] út de 16e ieu]]
Yn de lette [[Midsieuwen]] is it begjin fan it protestantisme al te sjen yn de iere ideeën fan guon geastliken. De Ingelsman [[John Wyclif]], dy't yn de [[14e ieu]] oan de earste Ingelske oersetting fan de [[Bibel]] meiwurke, wie ien fan de earsten fan dizze streaming dy't him fersette tsjin de macht en rykdom fan de Roomsk-katolike tsjerke. Ek de Tsjechyske heechlearaar [[Jan Hus]] wiisde oan it begjin fan de [[15e ieu]] op de organisaasje fan de tsjerke en it gesach fan de [[paus]]. Beiden woenen de tsjerke suvere hawwe fan net-Bibelske ynfloeden en werombringe nei har oarsprong.
 
In wichtige omkear barde yn [[1517]] mei de publikaasje fan de 95 stellingen fan Luter. Dêryn fersette hy him benammen tsjin de hannel yn [[ôflaat|ôflaten]] dêr't de Roomsk-katolike tsjerke ûnder oaren de bou fan de [[Sint-Pitersbasilyk|Sint Piter]] yn Rome mei bekostigje woe. Om deselde tiid hinne brocht Zwingli yn Switserlân in lyksoartige beweging op gong. Harren ideeën ferspraten har gau troch Jeropa, mei help fan de yn de 15e ieu útfûne [[boekdrukkeunst]], en hâlde in wichtige oanset yn foar de Reformaasje.
 
Op de Ryksdei fan Speyer yn [[1526]], dêr't de lieders fan it [[Hillige Roomske Ryk]] byinoar kamen, waard besletten dat alle foarstendommen dy't de Reformaasje trochfierd hienen, rjochtsekerheid krije soenen en dat sy ek in frije leauwenskar hienen. Doe't dit beslút letter op de Ryksdei fan 1529 werom setten waard, protestearren de Luterske dielnimmers. Oan dizze protestaasje ûntlient it Protestantisme syn namme. De 'protestanten' beroppe har op de yndividuele frijheid fan leauwen.
 
Inkele ieuwen lang soenen Protestanten it slachtoffer wêze fan politike en religieuske ferfolging. In rige fan oarloggen folge, dêr't de striid om it Protestantisme in wichtige rol spile, te witten: de [[Hugenoaten|HugenateHugenateoarloggen]]oarloggen yn [[Frankryk]] en de [[Tritichjierrige Oarloch]], dy't [[Dútslân]] en in grut part fan de rest fan Europa yn de knipe hâlde. Ek yn de [[Tachtichjierrige Oarloch]], spile de Protestantske Reformaasje in grutte rol.
 
By de godstjinstfrede fan Augsburg yn [[1555]] en by de [[Frede fan Westfalen]] yn [[1648]] kaam it ta in territoriale ôfbeakening, dêr't Dútske foarsten har eigen Luterske, Kalvinistyske of Katolike leauwen oan harren ûnderdienen foarskriuwe koenen.
Yn Frankryk joech [[Hindrik IV fan Frankryk|Hindrik IV]] yn [[1598]] mei it [[Edikt fan Nantes]] beheinde godstsjinstfrijheid oan de Hugenoaten; dat edikt waard yn [[1685]] werroppen troch [[Loadewyk XIV fan Frankryk|Loadewyk XIV]]. Pas yn de [[19e ieu]] soe yndividuele godstsjinstfrijheid de regel wurde yn [[West-Jeropa]].
 
== Lear ==
De lear fan it ortodokse Protestantisme, yn it bysûnder wat de ferskillen mei it roomsk-katolisime oangiet, kin gearfetten wurde mei fiif [[Latyn]]ske útspraken:
 
[[nrm:Récriauntisme]]
[[oc:Protestantisme]]
[[pdc:Brodeschdant]]
[[pl:Protestantyzm]]
[[pt:Protestantismo]]
46.100

bewurkings