Smjunt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: da:Pibeand
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - fuort: sk:Kačica hvízdavá; tekstwiziging
Rigel 8:
De '''Smjunt''' (''Mareca penelope'') is in fûgel út it skaai fan de [[Smjunten]]. De fûgels út dit skaai hawwe in skoft yndield west by de gewoane [[Einen]]. De Eastein is dêrom ek wol te finen ûnder de namme ''Anas penelope''. It skaai Mareca is lykwols op 'e nij ynfierd.
 
== Foarkommen ==
De Smjunt wurdt sa'n 41 oant 51 sm grut, en hat in wjukspanwiidte fan 75 oant 86 sm. It gewicht fan de fûgel leit tusken de 500 en 900 gram. De Jerke hat meast grize fearren, dy't foaral oan de ûnderkant en op it boarst wat ljochter fan kleur binne. De jerke hat in opfallende brune kop mei giele krún en foarholle. De blauwe snaffel hat in swarte punt. It wyfke hat in ûnopfallende brune kleur.
 
== Fersprieding ==
De briedgebieden fan de Smjunten lizze yn Noard-[[Jeropa]], Noard-[[Aazje]] en in part fan it noarden fan [[Noard-Amearika]]. De Fûgels libje op marren, somtiden ek by langsum streamende rivieren. By it ynfallen fan de winter trekke de fûgels nei it súden. Yn Jeropa oerwinterje se yn Midden en Súd-Jeropa. Ek yn Fryslân binne se dan yn grutte groepen te sjen. Meast by it wetter mar ek faak op de greide of it boulân om dêr te fretten.
 
== Iten ==
Smjunten binne eins echte fegetariërs. Sy ite sawol wetterplanten mar ek gêrs en oare planten op de wâl. De fûgels binne in 15 oeren deis dwaande mei iten en moatte sa'n 300 oant 400 gram deis hawwe.
 
== Fuortplanting ==
De Smjunten wurde mei twa jier geslachtsryp. Koart nei de winter foarmje de smjunten pearkes, de briedtiid leit yn de moannen maaie oant july. De smjunt makket in nêst op de grûn flak oan de wetterkant, it nêst wurdt beklaaid mei dûns. It wyfke leit sa'n 5 oant 9 aaien, dy in 5 sm grut binne. De aaien wurde 24 dagen bebret. De jongen ferlitte it nêst fuortendalik wêrnei se noch sa'n 45 dagen by harren mem bliuwe foardat se harren sels rêde kinne.
 
== Literatuer ==
* Chuck Hagner: ''Guide to ducks and geese.'' Stackpole, Mechanicsburg 2006. <small>ISBN 0-8117-3344-0</small>
* P. W. Mayhew: ''The feeding ecology and behaviour of wigeon (Anas penelope).'' Glasgow 1985.
* Hendrik Brunckhorst: ''Ökologie und Energetik der Pfeifente (Anas penelope L. 1758) im schleswig-holsteinischen Wattenmeer.'' Kovac, Hamburg 1996. <small>ISBN 3-86064-454-8</small>
 
== Sjoch ek ==
* [[List fan fûgels]]
 
Rigel 60:
[[sah:Тыйаах]]
[[se:Snárttal]]
[[sk:Kačica hvízdavá]]
[[sv:Bläsand]]
[[tr:Fiyu]]